Styffamylje
is in oerkoepeljende beneaming foar dy leden fan in
gesin
of
famylje
dy't gjin
besibskipsrelaasje
troch
ofstamming
mei-inoar hawwe, mar inkeld fia it
houlik
(of yn bredere sin de
relaasje
) fan 'e
alden
fan it oangeande gesin oaninoar besibbe binne. Dat is in sitewaasje dy't foarkomt as in
heit
of
mem
mei ien of mear
bern
ut in eardere relaasje in nije relaasje oangiet mei in oare
partner
. De nije partner wurdt oantsjut as de
styfalder
. As it in
man
is, wurdt hy foar de bern harren
styfheit
; is it in
frou
, dat wurdt hja harren
styfmem
. Oarsom wurde de bern foar him of har
styfbern
, en ofhinklik fan harren
geslacht
styfsoan
of
styfdochter
. Fanut it eachpunt fan 'e
biologyske alder
fan 'e bern wurde bern ut in eardere as de hjoeddeiske relaasje
foarbern
neamd, nei geslacht spesifisearre as in
foarsoan
of in
foardochter
. Styfmemmen lizze by lju dy't ut eigen underfining net mei it ferskynsel 'styffamylje' te meitsjen han hawwe, op in minne namme troch it
literere
foarkommen fan it personaazje fan 'e 'boaze styfmem' yn wraldferneamde
mearkes
as
Sniewytsje
en
Jiskepuster
. Yn it ferlingde derfan wurdt de oantsjutting 'styfbern' wol
sprekwurdlik
brukt foar ien dy't oan 't krapperein komt of eat dat ferwaarleazge wurdt.
Foarhinne kaam in styfalder benammen foar nei it
ferstjerren
fan in eardere
houlikspartner
, wernei't de
widner
of
widdo
in nij houlik oangie. Foar froulju wie de driuwfear derfoar faak dat hja sels gjin
ynkommen
hiene en in
man
nedich wiene om har en harren bern te underhalden, wylst manlju yn 'e regel wertrouden om't harren bern ut 'e eardere relaasje ferlet hiene fan in mem om 'e
opfieding
ter han te nimmen. Sunt de midden fan 'e
tweintichste iuw
is yn 'e Westerske
maatskippij
lykwols it ferskynsel
skieding
folslein ynboargere rekke, mei as gefolch dat
brutsen gesinnen
fan
allinnichsteande alders
mei harren bern no folle mear foarkomme. Sadwaande is ek it tal skieden alders tanommen dat wertrout of in nije relaasje mei in oare partner oangiet, en dermei dus it foarkommen fan styffamyljes. Soms is derby sprake fan
styfalderadopsje
, werby't de styfalder syn of har styfbern formeel
adoptearret
, sadat der in
wetlike
ban tusken harren untstiet. Soks wurdt meastal dien as in soarte fan fersekering: as der wat mei de biologyske alder barre soe, ferliest de styfalder nammentlik alle sizzenskip oer de opfieding fan syn of har styfbern as hy of sy dy net adoptearre hat.
De famyljesitewaasje wurdt noch yngewikkelder as de nije partner sels ek al bern hat ut in eardere relaasje. As foarbern fan beide alden mei-inoar yn ien
hushalding
gearlibje, sprekt men wol fan in
gearstald gesin
. De foarbern fan 'e beide alden binne (mei in
Ingelsk
wurd) inoars
styfsibling
en spesifisearre nei geslacht binne se inoars
styfbroer
of
styfsuster
. Elts bern dat fuortkomt ut 'e nije relaasje tusken de oarspronklike alder en de styfalder is in
healsibling
(
healbroer
of
healsuster
) foar de foarbern fan beide
alden
. Hoewol't styfsiblings net biologysk oaninoar besibbe binne, wurde foar harren oer it algemien deselde mjitsteven oanholden as dy't jilde foar wiere
siblings
. Derta heart ek it
maatskiplik
taboe
op
seksuele omgong
, hoewol't dat troch it untbrekken fan in
biologyske
famyljerelaasje
net ta
yntylt
liede en yn prinsipe ek net foar
ynsest
oanmurken wurde kin.
In
styfpake
of
styfbeppe
is in
pake
of
beppe
dy't de styfheit of styfmem fan ien fan 'e alden fan syn of har
bernsbern
is. In pake of beppe dy't de styfheit of styfmem fan 'e styfheit of styfmem fan syn of har bernsbern is, soe as it der op oankomt in styfstyfpake of styfstyfbeppe neamd wurde kinne. Yn 'e praktyk sille alle styfpakes en -beppes troch de bernsbern lykwols gewoan oansprutsen wurde mei "pake" of "beppe". Oarsom is in
styfpakesizzer
of
styfbeppesizzer
it bern fan jins styfsoan of -dochter. In
styfomke
of
styfmuoike
is in
omke
of
muoike
dy't de styfbroer of -suster fan ien fan jins alden is, en omdraaid is in
styfomkesizzer
of
styfmuoikesizzer
de soan of dochter fan jins styfbroer of -suster.