Stimakteur

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stimaktrise )

In stimakteur of stimaktrise (soms ek stimartyst(e) neamd) is in akteur of aktrise dy't syn stim lient oan ien of mear personaazjes yn audiofisuele media (meast tekenfilms of kompjuterspultsjes ) of dy't voice-over -wurk docht (d.w.s. de fertelstim leveret, bgl. by dokuminteres of reklamespotsjes ).

Ien fan 'e meast ferneamde stimakteurs aller tiden is Mel Blanc , dy't de stimmen fan 'e klassike tekenfilmfigueren Bugs Bunny , Daffy Duck en Woody Woodpecker die. Tsjintwurdich is it noch mar selden sa dat akteurs har ta stimakteur spesjalisearje; de measte stimakteurs ferrjochtsje ek, en meastal yn haadsaak, oar aktearwurk.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .