In
stimakteur
of
stimaktrise
(soms ek
stimartyst(e)
neamd) is in
akteur
of
aktrise
dy't syn
stim
lient oan ien of mear personaazjes yn audiofisuele media (meast
tekenfilms
of
kompjuterspultsjes
) of dy't
voice-over
-wurk docht (d.w.s. de fertelstim leveret, bgl. by
dokuminteres
of
reklamespotsjes
).
Ien fan 'e meast ferneamde stimakteurs aller tiden is
Mel Blanc
, dy't de stimmen fan 'e klassike tekenfilmfigueren
Bugs Bunny
,
Daffy Duck
en
Woody Woodpecker
die. Tsjintwurdich is it noch mar selden sa dat akteurs har ta stimakteur spesjalisearje; de measte stimakteurs ferrjochtsje ek, en meastal yn haadsaak, oar aktearwurk.