Stephen J. Dillane
(
London
,
27 maart
1957
) is in
Britsk
akteur fan
Australysk
komof. Hy waard yn 2008 nominearre foar in
Emmy Award
foar syn rol as
Thomas Jefferson
yn de Amerikaanske minyrige
John Adams
. Hy wun in
Tony Award
yn 2000 foar it spyljen yn
Tom Stoppard
's toanielstik
The Real Thing
en in
BAFTA TV Award
yn 2009 foar syn haadrol yn de telefyzjefilm
The Shooting of Thomas Hurndall
.
Hy studearre yneartsten skiednis en polityk oan de
Universiteit fan Exeter
, mei spesjaal omtinken foar de
Russyske Revolusje
, en waard dernei
sjoernalist
by de Croydon Advertiser. Dat foldie him lykwols net en doe't er 25 jier wie skreau er him yn by de Bristol Old Vic Theatre School.
Dillane debutearre yn 1987 op it wite doek as
Mr. Dunlop
yn de dramafilm
Business as Usual
. Sunt spile er yn mear as 25 films,
telefyzjefilms
meirekkene yn goed 35.
Dillane hat twa soannen mei aktrise-regisseur Naomi Wirthner. Soan
Frank
is yn
Harry Potter and the Half-Blood Prince
te sjen as
Tom Riddle
doe't dy sechtjin wie.
*Sunder 10+ telefyzjefilms