한국   대만   중국   일본 
Stedhus fan Ljouwert - Wikipedy Springe nei ynhald

Stedhus fan Ljouwert

Ut Wikipedy
Stedhus fan Ljouwert
bouwurk
It Stedhûs fan Ljouwert yn 2012
It Stedhus fan Ljouwert yn 2012
lokaasje
lan Nederlan
provinsje Fryslan
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Hofplein 36
koordinaten 53° 12' 7" NB, 5° 47' 45" EL
bysunderheden
type bouwurk stedhus
boujier 1715
boustyl klassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnumer 24351
oare ynformaasje
tal ferdjippings 3
It Stedhûs yn 1785 op in print fan Abraham Jacobsz. Hulk
It Stedhus yn 1785 op in print fan Abraham Jacobsz. Hulk
kaart
Stedhûs fan Ljouwert (Ljouwert-Binnenstêd)
Stedhûs fan Ljouwert

It Stedhus fan Ljouwert is it stedhus oan it Hofplein yn Ljouwert . It hat de status fan ryksmonumint .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It stedhus waard boud troch stedstimmerman Claas Bockes Balck . De earste stien waard lein op 1 april 1715 troch de trije jier alde Willem Karel Hindrik Friso (1711-1751), Prins fan Oranje en Nassau . It klassisistyske trijelaachs gebou hat in foargevel mei 27 ruten. Boppe de doar yn de middenrisalyt stiet yn gouden letters it opskrift "Pace et Justitia" (Frede en Rjochtfeardigens). De twa bylden boppe de yngong binne makke troch Gerbrandus van der Haven . Pieter Nauta makke het fronton , mei deryn de Stedefaam.

Yn 1760 waard oan de efterkant in nije riedseal boud nei untwerp fan Pieter de Swart . Op 12 augustus waard de earste stien lein troch Willem V fan Oranje-Nassau ( 1748 - 1806 ). Yn 1847 kaam op it plak fan de neistlizzende Haadwacht in gebou nei untwerp fan Thomas Adrianus Romein , weryn de nije Riedkeamer underbrocht waard. It stedhus undergie in tal feroarings, werunder it bordes. De Ljouwerter skilder Johan Joeke Gabriel van Wicheren hat portretten makke fan de keningen Willem I, Willem II en Willem III. Yn 1914 waard yn de achtkante lantearne in klokkespul setten. Oarspronklik kaam dat klokkespul ut de yn 1884 ofbrutsen Sint-Jabikstoer (Nijetoer). Yn 1944 waard it klookespul fannijs fuorthelle en opslein yn it wurkplak fan klokkejitter Van Bergen. Yn 1945 kamen de klokken werom, dochs waarden net daliks weromset omreden it gefaar foar ynstoarten. Yn 1972 waard it klokkespul lang om let werom yn it koepeltsje pleatst. Der hingje klokken yn fan under oare Johan ter Steghe , Hans Falck en Petrus Overney . Yn totaal hingje der 39 klokken yn it klokkespul.

Op 27 maaie 2005 iepene Prinses Margriet fan de Nederlannen it stedhus fannijs nei in restauraasje fan 2002 of.

Ynterieur [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Mulder, J.A. - Het Stadhuis van Leeuwarden. Vijf eeuwen bestuurlijk en stedelijk prestige . Ljouwert (2005).

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stedhuzen yn Fryslan Flagge fan de Provinsje Fryslân
Boalsert Dokkum Drylts Frjentsjer Harns Hylpen Ljouwert Sleat Snits Starum Warkum