De
Sint-Pauluskatedraal
(
Ingelsk
:
St Paul's Cathedral
) is in
katedraal
yn de City, de binnensted fan 'e
Ingelske
haadsted
Londen
. De katedraal is de biskopstsjerke fan it
Anglikaanske
bisdom Londen.
De Pauluskatedraal is in drokke tsjerke mei alle dagen wol fjouwer oant fiif tsjerketsjinsten. Dernjonken wurde der in soad bysundere tsjinsten fierd, dy't yn ferban stean mei de City en syn ferienings en organisaasjes. De katedraal is de grutste tsjerke fan Londen en jout ek underdak foar de fiering fan saken dy't de steat oangeane, lykas bygelyks de doedestiidske fiering fan it diamanten jubileum fan keninginne
Elizabeth
. Fierder is de katedraal alle dagen iepen foar toeristen en wurde der regelmjittich oargelkonserten holden.
Neffens in 12e-iuwske list fan 'e
sistersjinzer
muonts Jocelyn fan Furness oer sechtjin Londense aartsbiskoppen soe de kristlike mienskip fan Londen yn 'e 2e iuw stifte weze under de legindaryske kening Lucius en syn hillige misjonarissen Faganus, Deruvianus, Elvanus en Medwinus. Dat wol tsjintwurdich in soad skiedkundigen lykwols net oan. Derfoaroer is de bewarre tekst problematysk, want ien fan 'e biskoppen dy't oanwezich wie op it
konsylje fan Arles
yn 314, of biskop Restitutus of biskop Adelfius, soe ofkomstich west ha ut
Londinium
. De lokaasje fan 'e oarspronklike katedraal fan Londinium is net bekend.
Beda
skriuwt yn syn
Historia ecclesiastica gentis Anglorum
dat Augustinus fan Canterbury yn augustus 604 Mellitus as earste biskop ynwijde fan it
Angelsaksyske
keninkryk fan de Eastsaksen
. De omke fan
kening Sæberht
,
Æthelberht
, kening fan
Kent
, boude foar de nije biskop in nije tsjerke yn Londen, dy't oan de apostel
Paulus
wijd waard. Der wurdt oannommen, al wurdt dat net mei bewiis underboud, dat dy earste Angelsaksyske katedraal op itselde plak stien hat as de lettere
midsiuwske
en hjoeddeiske katedraal.
Nei de dea fan Sæberht yn 616 waard biskop Mellitus troch syn
heidenske
soannen ferballe en de Eastsaksen ferfoelen wer yn it alde heidendom. Wat der doe mei de katedraal barde is net bekend, mar oan 'e ein fan 'e 7e iuw krige it Kristendom op 'e nij foet oan 'e grun. Mooglik waard doe de alde katedraal restaurearre, mar it soe ek best kinne dat der in hiele nije katedraal boud waard. Dy katedraal, of in opfolger derfan, waard yn it jier 962 troch bran ferneatige, mar yn itselde jier wer opboud.
Neffens de
Angelsaksyske Kronyk
gyng de katedraal mei in grut part fan 'e sted ferlern by de grutte stedsbran fan 1087.
De katedraal en de omjouwing yn 'e 16e iuw
De bou fan de foargonger fan 'e Pauluskatedraal, ornaris de
Old St Pauls
neamd, sette nei de bran fan 1087 utein. In oare bran yn 1136 soarge foar opunthald en it duorre derfandinne noch oant 1240, ear't de nijbou konsekrearre wurde koe. Wylst de katedraal boud waard feroare ek de styl fan 'e oarspronklik
romaanske
styl nei de
goatyske
yn 'e lettere boudielen.
Net sa lang nei de foltoging fan 'e katedraal fun der wer in utwreiding plak. Dy nijbou kaam ree yn 1314, mar waard al earder yn 1300 konsekrearre. De tsjerke wie yn 'e lette iuwen ien fan 'e grutste tsjerken op 'e wrald en waard wat de lingte fan it
tsjerkeskip
oanbelanget allinne oertroffen troch de
abdijtsjerke fan Cluny
en wat de hichte fan de spits oanbelanget troch de
katedraal fan Lincoln
en
Stralsund
's
Marijetsjerke
. Boaiemundersyk yn 1878 wiisde in totale lingte fan 178 meter ut, in breedte fan 30 meter en mei it
transept
en de
fiering
in breedte fan 87 meter. De spits wie 149 meter heech.
Yn 'e 16e iuw begun it ferfal fan 'e tsjerke. By de ynfiering fan 'e
reformaasje
under
Hindrik VIII
en
Edward VI
waarden de kleasters untbun. De brek fan de monargy mei de
Roomsk Katolike Tsjerke
late ta it ferneatigjen fan in diel fan it ynterieur, de
kleastergong
, kapellen en hillichdommen. In soad katolike gebouwen op it hof fan 'e katedraal waarden troch de Kroan yn beslach nommen en ferkocht as winkels en wenten, benammen oan printers en boekhannels, dy't faak yn 'e hannen fan
puriteinen
wiene. Yn 1561 sloech de bliksem yn 'e toer yn. De ferneatiging fan 'e toer waard troch sawol protestanten as katoliken utlein as in fingerwizing fan God, dy't untefreden wie oer inoars tsjinstanner.
Nei de grutte stedbran fan 1666 krige arsjitekt
Christopher Wren
de opdracht om de sted wer op te bouwen. Njonken nochris 50 tsjerken levere er ek de tekenings foar in nije katedraal. Alhoewol't it fjoer de alde katedraal slim oantaast hie, hie it faaks noch wol mooglik west om de goatyske tsjerke te restaurearjen. Foar de bran wie der al in utstel west om de goatyske tsjerke te ferfangen, en nei de bran waard der trochpakt en keazen foar in folsleine nijbou yn 'e styl dy't doe yn 'e moade wie, de
barok
. Oan it begjin fan 'e jierren 1670 waard de alde katedraal hielendal ofbrutsen.
Oersjoch ynterieur.
De katedraal nei de Blitz.
Wren hie mei de nijbou in
sintraalbou
yn gedachten mei in grunplan yn 'e foarm fan in
Gryksk krus
, mar it plan waard ofwiisd as te radikaal en djoer en sa ek mei de der op folgjende feroarings yn it untwerp, dy't laten ta in grut model dat hjoeddedei yn de katedraal te sjen is.
Net earder as yn 1675 waard foar it earst in untwerp fan Wren goedkard. Der waard utein set mei de bou, mar fan it oarspronklike plan bleaune troch it grutte tal feroarings allinne mar de ofmjittings fan 'e plattegrun oer. Ynstee fan in
krusingstoer
te bouwen waard der in koepel op 'e tsjerke boud, sa't dat neffens Wren's earste plannen it doel wie. De westlike portikus, de haadyngong fan 'e katedraal, waard pas yn 1703 untwurpen en oant de foltoging yn 1708 mei twa tuorren bekroand.
Alhoewol't de katedraal by bombardeminten op 10 oktober 1940 en 17 april 1941 rekke waard, bleau de katedraal sparre foar ferneatiging. De earste oanslach fernielde it
heechalter
, wylst in twadde oanfal it noardlike
transept
rekke en in gat yn 'e flier boppe de krypte efterliet. Op 12 septimber 1940 waard in bom mei sukses unskealik makke en ferwidere troch meiwurkers fan de Royal Engineers under lieding fan luitenant Robert Davies. As dy bom untploft wie, dan soe de hiele katedraal de loft yngien weze. De bom koe nei in feilich plak brocht wurde en liet der nei untploffing in krater fan 30 meter achter. Foar it krewearjen fan Davies waard er eart mei it
George Cross
.
Op 29 july 1981 fun yn de katedraal de ynseiniging fan it houlik fan
prins Charles
en
prinsesse Diana
plak.
De barokke katedraal is 158 meter lang en hat in krusfoarmich oerflak mei in eastlike oriintaasje. Ynstee fan in toer boppe de krusing hat de tsjerke in 111 meter hege koepel, dy't mei in
lantearne
einiget.
It grutste monumint yn 'e katedraal is dat fan de
hartoch fan Wellington
. It stiet oan 'e noardlike kant fan it middenskip en wurdt mei in byld fan Wellington op syn hynder 'Copenhagen' bekroand. It hynder op it monumint yn 'e tsjerke soarge foar in soad krityk en it duorre noch oant 1912 ear't it byld, dat ta it oarspronklike untwerp fan it monumint hearde, syn plak krige. De hartoch is yn 'e
krypte
begroeven.
Yn 'e sudlike sydbeuk hinget in kopy fan
William Holman Hunt
's ferneamde skilderij "
It Ljocht fan 'e Wrald
" (
The Light of the World
), werfan't it orizjineel yn it
Keble College
yn
Oxford
hinget. It skilderij fan 'e katedraal waard oanfolle mei in wichtige tafoeging fan
Edward Robert Hughes
, om't Hunt it skilderij fanwegen in eachsykte net ofmeitsje koe. Noardlik fan it koer stiet in byld fan in Madonna mei Bern fan
Henry Moore
ut 1943.
Koepel
Om de basis fan 'e koepel is op in hichte fan likernoch 30 meter in ringfoarmige omgong mei in trochsneed fan 34 meter, de saneamde
Whispering Gallery
. Troch de echo binne flustere wurden oan 'e oare kant te hearren. De beskildere dekoraasjes fan 'e koepel troch James Thornhill litte yn in
yllusjonistyske
arsjitektuer acht foarstellings ut it libben fan Paulus sjen.
Yn it koer steane de koerbanken en it oargel. It fykwurk oan it hout derfan ynklusyf dat fan de preekstoel stamme fan Grinling Gibbons, de smei-izeren koerhekken fan de
Franske
hugenoat
Jean Tijou. De glesmozaiken oan it plafond boppe it koer waarden troch William Blake Richmond makke.
De eastlike
apsis
is like breed as it koer en op 'e selde hicht brocht as de bogen fan it koer en it skip en fersierd mei mozaiken. It oarspronklike heechalter waard yn 1940 fernield by de bombardeminten. It hjoeddeiske heechalter en it baldakyn binne neffens it untwerp fan Wren makke troch Stephen Dykes Bower en Godfrey Allan, dy't it yn 1958 foltogen. Yn 1958 waard mei donaasjes fan it Britske folk de
apsis
as de
American Memorial Chapel
wijd. Op de
Roll of Honour
wurde de nammen fan mear as 28.000 Amerikanen neamd, dy't harren libben joegen wylst hja op wei wiene nei it Feriene Keninkryk yn 'e
Twadde Wraldkriich
. De trije ramen fan 'e apsis stamme ut 1960 en stelle tema's lykas tsjinst en opoffering foar, mei op 'e ranen ynsynjes fan 'e Amearikaanske steaten en striidkreften.
Kapel fan de Order of the British Empire.
Under de tsjerke is in
krypte
, dy't under de folle lingte fan it haadskip rint. Yn it eastlike diel is sunt 1960 under it koer de kapel fan 'e
Order of the British Empire
. Yn 'e westlike ein is in museum underbrocht. Dertusken binne mear as 200 greven en monuminten fan persoanen dy't bydroegen oan 'e Britske skiednis. De arsjitekt Christopher Wren wie de earste persoan dy't der yn 1723 begroeven waard. Op 'e muorre boppe syn tombe yn 'e krypte stiet yn it
Latyn
:
Lector, si monumentum requisis, circumspice
(oers.: Lezer, as jo syn monumint sykje, sjoch dan om jo hinne).
Koerbanken en oargel.
It earste oargel fan 'e katedraal waard yn 1697 troch Bernard Smith boud, in ymmigrant ut
Dutslan
. It front datearret fan Wren, mei wa't de oargelbouwer jierrenlang spul hie om it plak fan it oargel en hoe grut oft it oargel wurde moast. Lang om let wun Wren de striid, sadat it op de grins tusken it skip en it koer as in soarte fan
doksaal
opsteld waard. Oant 1830 waard der net in soad feroare oan it oargel en ferneamde komponisten lykas
Georg Friedrich Handel
en
Felix Mendelssohn Bartholdy
spilen der op. Yn 1859 ferhuze it oargel nei de kant fan it koer om sa frij sicht op it koer te realisearjen.
Yn 1872 boude Henry Willis in nij ynstrumint, werby't likernoch 200 pipen fan it Smith-oargel op 'e nij brukt waarden dy't oant hjoeddedei bewarre bleaun binne. It oargelfront waard ferdield en utwreide. It nije ynstrumint hie no fjouwer manualen en in pedaal, de traktueren wiene pneumatysk. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it oargel ferskate kearen fergrutte en reorganisearre en mei elektryske traktueren utrest.
Mander Organs restaurearre en fergrutte it oargel sunt 1972. Om it oargel better yn 'e tsjerke ta syn rjocht komme te litten waarden der trompetten oan it westwurk tafoege, dy't benammen by keninklike oangelegenheden brukt wurde. It wurk waard yn 1977 foltoge, op 'e tiid foar it sulveren kroaningsjubileum fan Elizabeth II en bestiet ut trije seksjes: in diel yn it koer, in diel under de koepel en in westlik diel. Alle trije dielen binne fanof de haadspyltafel oan te spyljen. It eigentlike oargel, it oargel yn it koer, stiet lofts en rjochts fan 'e alterromte. Under de koepel stiet it diel fan it oargel dat krekt as it westlike diel it sjongen fan it tsjerkefolk understipet. It oargel besit 105 registers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:
en:St Paul's Cathedral
|