St. Petersburg (Floarida)

Ut Wikipedy
St. Petersburg
Emblemen
            
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Floarida
County Pinellas County
Sifers
Ynwennertal 244.997 (2011)
Oerflak 356,4 km² (ynkl. wetter)
159,9 km² (allinnich lan)
Befolkingsticht. 1.532 / km²
Stedekloft Tampa
Hichte 13,4 m
Oar
Stifting 1888
Tiidsone UTC -5
Simmertiid UTC-4
Koordinaten 27°46′23″N 82°38′24″W
Offisjele webside
www.stpete.org
Kaart
De lizzing fan St. Petersburg yn Pinellas County en yn 'e steat Floarida .

St. Petersburg (gauris ofkoarte ta St. Pete of The Burg ) is in sted oan 'e westkust fan 'e Amerikaanske steat Floarida , yn Pinellas County . It leit op in skiereilan mei oan 'e eastkant de Baai fan Tampa en oan 'e westkant de Golf fan Meksiko . Yn it noarden leit de lantonge dy't it mei it festelan fan Floarida ferbynt, wylst der oer de Baai fan Tampa hinne bregen oanlein binne nei it eastliker sitewearre Tampa ta. Mei 245.000 ynwenners (neffens in offisjele skatting ut 2011 ) is St. Petersburg de op trije nei grutste sted fan 'e steat (nei Jacksonville , Miami en Tampa ), en fierders is it de grutste sted yn Floarida dy't net it haadplak fan in county is. Nei Tampa is St. Petersburg ek de grutste sted yn it gebiet om 'e Baai fan Tampa hinne; it makket diel ut fan deselde stedekloft der't ek Tampa ta heart, en dy't in befolking fan goed 2,8 miljoen minsken hat.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

St. Petersburg waard yn 1888 stifte troch John C. Williams , in pleatslike grunbesitter dy't oarspronklik ut Detroit kaam, en Peter Demens , dy't derfoar soarge dat der in spoarline nei de krite ta oanlein waard. Fjouwer jier letter, yn 1892 , doe't it likernoch 300 ynwenners hie, krige it de status fan sted . St. Petersburg waard ferneamd nei it Russyske Sint-Petersburch , der't Demens opgroeid wie. Neffens de leginde tosten Williams en Demens derom om ut te meitsjen wa fan harren beiden oft in namme foar de nije delsetting betinke mocht.

De haven fan St. Petersburg.

F.A. Davis , oarspronklik in utjouwer ut Philadelphia , joech St. Petersburg yn 1897 syn earste elektrisiteitsnetwurk en yn 1904 in tramtsjinst . De earste yndustry waard yn 1899 yn St. Petersburg brocht troch Henry W. Hibbs , ut Newport yn Noard-Karolina , dy't yn 'e sted in fiskferwurkjend bedriuw en in fiskofslach begun, der't binnen in jier tiid deis mear as 450 kg fisk ferhannele waard.

It utbaggerjen fan it farwetter, tusken 1906 en 1908 , makke St. Petersburg berikber foar gruttere seeskippen, wat in triuw yn 'e rech wie foar de pleatslike ekonomy . Mear baggerjen ferbettere yn 'e 1910-er jierren de haven. Tsjin dy tiid hie de sted in ynwennertal fan rom 4.100. Yn 1914 waard der in feste loftferbining opset tusken St. Petersburg en Tampa troch de St. Petersburg-Tampa Airboat Line .

Geandewei de tweintichste iuw woeks it tal ynwenners fierder oan, mei in befolkingseksploazje tusken 1950 en 1960 , fan 97.000 ta 181.000, fanwegen de untwikkeling fan betelbere airconditioningapparatuer . Fan 'e santiger jierren of waard St. Petersburg populer as pinsjonearringslokaasje fan 'e begoedige middenklasse ut it Amerikaanske Midwesten , en tsjin 1980 hie de sted in befolking fan krapoan 240.000 minsken. Dermei wie it hichtepunt dan ek sa'n bytsje berikt: St. Petersburg groeide noch troch oant 248.000 ynwenners yn 2000 , mar foel dernei tebek oant rom 244.000 yn 2010 .

St. Petersburg hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hjoed de dei moat de ekonomy fan St. Petersburg it fral hawwe fan toerisme en sunenssoarch. Op 'e ranglist mei de tsien grutste wurkjouwers yn 'e sted steane trije grutte sikehuzen. Wat besjensweardichheden oangiet, hat St. Petersburg, njonken sinne en stran, foar keunstleafhawwers in Museum of Fine Arts en in Salvador Dali Museum , foar bern it bernemuseum Great Explorations , en foar folwoeksen besikers in Holocaust Museum .

It stedhus fan St. Petersburg.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan St. Petersburg 17,4% 65 jier of alder en 21,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 35,6% fan 'e hushaldings ut ien persoan , wylst 17,8% fan 'e befolking under de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 64,3% blanken ; 6,6% Latino's ; 3,2% Aziaten ; 23,9% swarten ; 0,3% Yndianen ; 0,7% oaren of fan mingd etnysk komof. Op taalkundich med waard by de folkstelling fan 2000 feststeld dat 88,5% fan 'e befolking fan St. Petersburg yn 'e hus inkeld Ingelsk spriek, wylst it Spaansk mei 4,4% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Dutsk , mei 0,8%, folge troch Fransk (0,7%), Fjetnameesk (0,7%), Servo-Kroatysk (0,5%) en Laotiaansk (0,5%).

Berne yn St. Petersburg [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

St. Petersburg by nacht.

St. Petersburg hat in fochtich subtropysk seeklimaat , dat deun tsjin 'e kritearia fan in tropysk klimaat oan sit. Fanwegen in gemiddelde fan 361 dagen sinneskyn per jier wurdt it ek wol The Sunshine City neamd, en om dyselde reden hawwe har der in protte pinsjonearden ut noardliker kontreien fan 'e Feriene Steaten nei wenjen set (wat wer de reden is dat de sted ek wol hund wurdt as "Gods Wachtkeamer"). Jannewaris en febrewaris binne de kaldste moannen fan it jier, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 22 °C. De hjitste moannen binne july en augustus , as de deitemperatuer trochinoar 33 °C is.

Wat delslach oangiet, derfan kriget de sted jiers yn trochsneed 1.160 mm, it measte simmerdeis yn 'e foarm fan swierwaarbuien op 'e middei. Derby wurdt it gebiet om 'e Baai fan Tampa hinne algemien erkend as de "wjerljochthaadsted fan Noard-Amearika", mei't wjerljochtslaggen der jiers 10 deaden en 30 ferwunen feroarsaakje. Snie falt mar komselden yn St. Petersburg, en snie yn mjitbere hoemannichten is sels noch seldsumer. Fierders leit de sted ek yn it paad dat tropyske stoarmen elts jier geane fan 'e Atlantyske Oseaan nei de Golf fan Meksiko . De sted krige foar it lest in foltreffer fan in orkaan te ferwurkjen yn 1921 .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .