Spion

Ut Wikipedy

In spion (fan it Franske espion ), froulike foarm: spionne , ek wol in geheim agint ( e ) neamd, is immen dy't temuk en faak op yllegale of alteast klandestine wize ynformaasje garret. Sokken kinne foar in oerheidsynstansje (almeast in feilichheidstsjinst ) wurkje, mar ek foar in bedriuw . De term 'spion' wurdt benammen troch butensteanders brukt; yn 'e ynljochtingewrald sprekt men fan in 'agint' of in 'ynljochtinge-ofsier'. De gegevens dy't troch sokke lju byinoar socht wurde, tsjut men yn it fakjargon oan as HumInt , dat stiet foar human intelligence ( Ingelsk foar "minsklike ynljochtings").

Der wurdt underskie makke tusken ferskate soarten spionnen. In ynljochtinge-ofsier is in wurknimmer fan in feilichheidstsjinst. In agint is in butensteander dy't net op 'e leanlist fan 'e feilichheidstsjinst stiet en meastal ek net in oplieding folge hat om spion te wurden, mar der dochs foar wurket, ornaris yn ruil foar in finansjele tsjinprestaasje. In ynformant is immen dy't allinnich mar ynljochtings leveret, soms ut eigen beweging, soms tsjin betelling, en soms ek om't hy of sy derta sjantearre wurdt.

Aginten en ynformanten rinne it risiko, as se steatsgeheime ynformaasje oan in butenlanske macht trochspylje, om foar lanferrie berjochte en feroardiele te wurden. Fierders is der noch de saneamde dubelspion , dat in agint is dy't oan beide kanten ynljochtinge-ofsieren fan ynformaasje foarsjocht, wylst in mol in agint is dy't willemoeds yn in fijannige feilichheidstsjinst ynfiltrearret .

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Dulles, Allen W. , The Craft of Intelligence , Guilford (Konettikut), 1963 (The Lyons Press), ISBN 1 59 22 82 970
  • Haswell, Jock , Spies & Spymasters , Frome, 1977 (Butler & Tanner), ISBN 0 50 00 11 788 .
  • Polmer, Norman, en Allen, Thomas B., , Spy Book: The Encyclopedia of Espionage , New York, 1997 (Random House), ISBN 1 85 36 72 785 .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bronnen, noten en/of referenties , op dizze side .