한국   대만   중국   일본 
Spikerskrift - Wikipedy Springe nei ynhald

Spikerskrift

Ut Wikipedy
Klaaitablet mei Sumearysk spikerskrift (± 2400 f.Kr.)

It spikerskrift is it alderearste skrift dat wy kenne. It skrift waard untwikkele troch de Sumearjers yn it tsjintwurdige Irak om-ende-by 3000 f.Kr. It waard skreaun op plakken klaai der't mei in stikje reid symboalen (piktogrammen) ynkepen waard yn de foarm fan spikers. Eltse piktogram stie foar in wurdlid.

It skrift dat foaral yn it ekonomysk ferkear brukt waard, soe al gau oernommen wurde troch de folken om Sumearje hinne, lykas de Elamiten de Akkaadjers en letter de Babyloanjers . Yn in tiidrek fan 3000 jier skreaunen de ynwenners fan Mesopotaamje en grutte parten fan it alde Midden Easten yn it spikerskrift op klaaitabletten. Foar safier't dizze klaaitabletten net fernield binne, hawwe sy de rin fan de tiid goed trochstien. Uteinlik rekke it spikerskrift yn unbruk fanwege har kompleksiteit, mar omdat skreaun waard op klaaitabletten, hawwe archeologyske opgravingen fan Mesopotamyske steden in soad autintyk skreaune histoaryske boarnen opsmiten. Mear as dat fan de Griken en Romeinen . Miljoenen klaaitabletten binne sunt likernoch 1850 by opgravingen oan it ljocht kaam. Alle mooglike fasetten fan it deistige, religieuske en ekonomyske libben fan doedytiids binne bewarre bleaun en wurde no bestudearre troch de wittenskip dy't assyriology hjit.

De kennis fan it spikerskrift wie ferlern rekke en is yn 1835 foar it earst untsifere troch Henry Rawlinson , in Britske legeroffisier. Hjirby spile de Behistun Ynskripsje in tige wichtige rol. De betsjutting fan dizze ynskripsje is te fergelykjen mei de Rosetta Stien foar de untsifering fan de Egyptyske hieroglifen .