Son House
(wiere namme:
Eddie James House jr.
;
21 maart
1902
-
19 oktober
1988
) wie in foaroansteand
blues
-
sjonger
en -
gitarist
fan
Afro-Amerikaansk
komof.
Hy waard berne yn
Riverton, Mississippi
yn de
Feriene Steaten
.
Son House makke opnamen foar
Paramount Records
yn 1930 en foar
Alan Lomax
fan de
Library of Congress
yn it begjin fan de 40-er jierren. Hy ferdwun dernei ut sicht fan it publyk oant yn de 60-er jierren
country blues
opnij yn de belangstelling kaam te stean en hy opnij 'untdekt' waard.
Hy toerde troch de Feriene Steaten en Europa en makke platen foar CBS. Krekt as
Mississippi John Hurt
waard House omearme troch it muzyk wraldsje fan de 60-er jierren en spile under oaren op it
Newport Folk Festival
yn
1964
.
It belang fan Son House foar de blues wie dat hy mear as wa dan ek, de 'utfiner' fan de
delta blues
wie. Hy wie gjin firtuoas lykas
Robert Johnson
: technysk wie hy as muzikant de swakke kant it neist. Dat makke hy mear as goed troch syn fernijende styl mei in sterk roljend ritme, faak spile mei help fan in 'flessehals', keppele oan syn sterke fokale bydrage, dy't tinken die oan de
chain gangs
. De muzyk fan Son House wie typyske dunsmuzyk. Hy beynfloede syn tiidgenoaten
Charley Patton
en ek Robert Johnson, dy't de muzyk fan House op in heger nivo tille soe. It wie House dy't, om yndruk te meitsjen op jonge blues-fans yn de 60-er jierren, de leginde de wrald yn brocht dat Robert Johnson syn
siel
oan de Duvel ferkocht hie om syn gitaarspul te ferbetterjen.
Sykte makke dat Son House yn it begjin fan de 70-er jierren stoppe mei optreden. Hy ferstoar yn
1988
yn
Detroit
.