한국   대만   중국   일본 
Sofia - Wikipedy Springe nei ynhald

Sofia

Ut Wikipedy
Sofia
Polityk
Lan Bulgarije
provinsje ( oblast ) Sofia-sted
Boargemaster Jordanka Fandakowa (novimber 2009)
Sifers
Ynwennertal 1,263,328 (2008?)
1.402.657 (2010)
Oerflak 492 km²
Befolkingsticht. 2378 km²
Stedekloft ynwennertal 1.700.749
Hichte 550 m
Oar
Stifting as Serdica
4e iuw f.Kr. troch Kelten
Postkoade 1000
Koordinaten
Offisjele webside
Hiemside sted Sofia
(ingelsk/bulgaarsk)

Sofia ( Bulgaarsk : София, Sofija ) is de haadsted fan Bulgarije en is mei 1.402.657 ynwenners (2010) fierwei de grutste sted fan it lan; der wennet 14% fan de Bulgaarske befolking. De sted leit yn it westen fan it lan oan de rivier de Iskar , oan de foet fan it Vitosjaberchtme .

Sofia is it politike, ekonomyske en kultuerele sintrum fan it lan, teffens in wichtich ferkearsknooppunt mei in ynternasjonale lofthaven. De sted hat in universiteit ut 1888 en oare universiteiten, hegeskoallen, teaters, museums en tal fan oare kultuerele ynstellings.

Ut de skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De aldste namme fan Sofia der't wy fan witte is Serdica , wierskynlik neamd nei de Serden , de Trasyske stam dy't der tahalde. It plak kaam yn 29 f.Kr. under de Romeinen en krige de status fan municipium .

De Hunnen ferwoastgen it Romeinske Serdica; dernei boude de Byzantynse keizer Justinianus I de sted fannijs as Triaditsa . De Slavyske Bulgaren neamden har Sredets (= Serdica) en doopten har yn 1376 om yn Sofia, nei de Sveti Sofiatsjerke . Seis jier letter kaam de sted oan it Ottomaanske Ryk . De Turken soenen hast fiif iuwen bliuwe.

Yn 1878 namen de Russen Sofia yn under de Russysk-Turkske Oarloch : Sofia waard neidat de Turken ferlern hienen yn 1879 , de haadsted fan it moderne Bulgarije. Op dat stuit wie it de tredde sted fan it lan: Roese en Varna wienen allebeide grutter, mar dat soe hurd feroarje. Tusken 1879 en 1939 naam it ynwennertal bot ta fan 20.000 oant 300.000. Yn de Twadde Wraldkriich hie Sofia swier te lijen; neitiid waard de sted yn kommunistyske styl op 'en nij boud en utwreide.

Distrikten fan Sofia

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]