한국   대만   중국   일본 
Soevereiniteit - Wikipedy Springe nei ynhald

Soevereiniteit

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Soeverein )

Soevereiniteit (fan it Franske souverainete , fan it Latynske superanus , fan super , mei de betsjutting "boppe" of "oer") is it rjocht fan in bestjoersorgaan om it heechste gesach ut te oefenjen sunder dat derfoar ferantwurding ferskuldige is oan in oar orgaan. Sok gesach kin op ferskate manearen legitimearre wurde, lykas mei in berop op folkssoevereiniteit (dy't utgiet fan it folk ) of op godssoevereiniteit (dy't utgiet fan God ). As oan it haad fan it bestjoersorgaan dat it soevereine gesach utoefenet in monarch stiet, tsjut men dy oan as de soeverein .

Yn moderne steaten is al it rjocht ornaris werom te fieren op 'e grunwet . Troch it soevereiniteitsbegryp wurdt oanjun werom't de grunwet jildich is. Yn it gefal fan folkssoevereiniteit is dat bgl. sa om't it folk achte wurdt himsels de grunwet jun te hawwen. Yn it gefal fan monargale soevereiniteit wurdt de monarch achte de grunwet oan it gebiet dat under syn gesach stiet, jun te hawwen.

Yn it ynternasjonaal rjocht is soevereiniteit in wichtich konsept, om't deryn it respekt foar de grinzen fan oare lannen festlein is en ek it rjocht fan in regear om gesach ut te oefenjen binnen de grinzen fan 'e eigen steat, in foarm fan selsbeskikkingsrjocht . Dat betsjut dat in lan net it rjocht hat om him te bemuoien mei de binnenlanske oangelegenheden fan in oar lan. Dat feit wurdt troch diktatoriale rezjyms as standertekskus brukt om butenlanske protesten tsjin it underdrukken fan 'e befolking of it ferfolgjen fan minderheden te negearjen. Agresje (d.w.s. oarloch ) tsjin in soeverein lan is under it ynternasjonaal rjocht ek ferbean, utsein yn utsunderlike gefallen, mar dan moat dat lan it wol hiel bunt makke hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .