It
soennisme
(????) of de
soennityske islam
is de grutste haadstreaming fan de
islam
. De op ien nei grutste streaming is het
sjiisme
. It soennisme is ferdield yn ferskate
madhahib
dy't neist inoar bestean sunder opfallende underlinge konflikten.
It wurd
soenna
is
Arabysk
foar 'tradysje'. Soennityske moslims folge de tradysje dy't basearre is op it libben fan de leste profeet fan de islam,
Mohammed
[1]
. Derby hat de
hadit
, in samling fan de preken en hannelingen fan Mohammed, neist de
Koaran
, it hillige boek fan de moslims, in protte gesach under de soenniten.
Ek de ynstimming fan de
sahaba
(de earste moslims)
idjma-as-Sahaba
neamd oer bepaalde spesifike saken, en de
qiy?s
(analogy) mei dizze en oare foarfallen binne boarnen binnen de soennityske streaming fan de islam.
Goed 90% fan alle moslims, ek dy't yn it westen libje, is soennitysk.
[2]
It soennisme is krekt as it sjiisme untstien troch de opfolgingsstriid dy't fuort utbruts nei de dea fan
Mohammed
yn
632
. Neffens de soenniten hie Mohammed by syn libben gien opfolger oanwiisd, en hied er ek net oanjun op hokker wize in opfolger bepaald wurde moast. Nei syn dea gong de striid tusken de oanhingers fan Mohammed syn neef en skoansoan
Aly
en dy fan de kalifen. De soenniten binne folgelingen fan de lesten. De earste
kalyf
wie Mohammed syn skoanheit
Abu Bakr
.
Nei de earste fjouwer keazen kalifen wie it grutte
skisma
binnen de islam in foldongen feit en kaam it kalifaat yn hannen fan opienfolgjend soennityske dynastyen, de
Omajjaden
en de
Abbasiden
. Harren ynfloed yn de wrald strekte him fia de feroveringskrigen binnen in pear generaasjes ut fan
Spanje
(de
Pyreneeen
) oant de
Pundjaab
yn eastlik
Ynje
.
De soennityske
teology
wykt op guon punten of fan dat fan de sjiiten: under mear oer de
mahdi
der't de soenniten noch wol leauwen dat de Mady komme sil. Fierders is de posysje fan de
imam
foar de soenniten net folle mear as foargonger fan it
gebed
op freed yn de
moskee
.