한국   대만   중국   일본 
Smolensker tsjerkhof - Wikipedy Springe nei ynhald

Smolensker tsjerkhof

Ut Wikipedy
Loftfoto fan it Smolensker tsjerkof

It Smolensker tsjerkhof ( Russysk : Смоленское кладбище) yn de Russyske sted Sint-Petersburch waard yn de earste helte fan de 18e iuw oanlein. It is it aldste tsjerkhof dat noch jimmeroan yn gebruk is. It hof leit sintraal op it Vassiljevski-eilan en wurdt troch de Smolenka , in sydearm fan de Neva , ferdield yn it grutte Russysk-otterdokske diel en de noardlik lizzende Armeenske en Lutherske seksjes.

Otterdokske seksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bekend is dat it otterdokske tsjerkhof al sunt 1738 brukt waard mar net earder as yn 1758 offisjeel waard. Troch de hege grunwetterstan moasten kanalen groeven wurde foar de ofwettering. It otterdokske hof hat twa tsjerken. De aldste tsjerke is de Tsjerke fan de Teotokos fan Smolensk, dy't tusken 1786 en 1790 boud waard. De tsjerke waard tusken 1940 en 1946 troch de bolsjewiken sletten, mar letter restaurearre en op 'e nij iepene. De Ferrizenistsjerke datearret ut de 19e iuw en is de iennige bou yn Sint-Petersburch yn de styl fan de Moskouske barok. De Ferrizenistsjerke waard yn de jierren 1930 sletten en foar in grut part fernield, mar nei de weromjefte troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke restaurearre en foar in grut part rekonstruearre.

Tradisjoneel waarden op it tsjerkhof de professors fan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten en de Universiteit fan Sint-Petersburch te reste lein. Beide ynstituten leine op it Vassiljevski-eilan. Rusd wurdt dat likernoch 800.000 minsken foar de Russyske revolusje op it Smolensker Tsjerkhof harren leste restplak funen. Dermei wie it tsjerkhof it grutste tsjerkhof fan Sint-Petersburch yn de 19e iuw.

Bekende persoanen op it hof binne u.o.:

Nei de Russyske Revolusje fan 1917 wiene de autoriteiten fan doel om it tsjerkhof oant 1937 te untwijen en it te ferfangen troch in park. Grefmonuminten ferhuzen nei musea en minsken lykas Kozlovski, Zacharov, Martos, Bortnjansky, Karatygin, Kramskoj, Sjisjkin und Kuindzji krigen earne oars in nij gref. It gref fan Aleksander Blok wie it leste gref dan yn 1944 fan plak feroare. De Twadde Wraldkriich soarge der foar dat de plannen net fierder utfierd waarden. Yn it begjin fan de jierren 1980 waard it tsjerkhof wer iepene.

Luterske seksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Luterske diel bestiet sunt 1747. Op dit diel lizze in soad boargers fan Dutske komof. Op it hof lizze under oaren: Leonhard Euler , Germain Henri Hess , Jose de Ribas , Vasili Dokoetsjajev , Moritz Hermann von Jacobi , Agustin de Betancourt , Jean-Francois Thomas de Thomon , Fjodor Nikolajewitsch Litke , Xavier de Maistre , Ludvig Nobel , Georg Friedrich Parrot , Karl Robert von Nesselrode , greve Vladimir Lamsdorf en Friedrich Maximilian von Klinger . Yn 1919 waard it hof nasjonalisearre en letter sletten. Nei't de greven leechhelle waarden en de omskotten op it terrein fan it Aleksander Nevski-kleaster wer begroeven waarden, untstie op it untwijde terrein in branwarkazerne en in tankstasjon. De noch besteande graven steane hjoeddedei under monumintesoarch.

Armeenske seksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op it Armeenske diel fan it tsjerkhof stiet in Armeenske tsjerke ut 1797. De arsjitekuer fan de tsjerke wurdt taskreaun oan Georg Veldten.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Smolensky Cemetery