Slach by Mainz

Ut Wikipedy

De slach by Mainz wie op 31 desimber 406 tusken de Ripuariske Franken en in alliansje fan Fandalen , Sueben en Alanen . De Franken ferlearen de slach en de oerwinners koenen sunder fierdere tsjinstan it Romeinske Ryk ynfalle. It barde yn de Grutte Folkeferfarren soe grutte gefolgen krije.

Eftergrun [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch de komst fan de Hunnen hienen Fandalen, Sueben en Alanen harren wenplaken ferlitten swalken troch Germaanje , it lan benoarden de Donau en eastlik fan de Ryn . Yn Sud-Dutslan kamen sy inoar tsjin en sleaten har oanien. Se besleaten it Romeinske Ryk yn te luken, wer't it Romeinske grinsleger al fiif jier wei wie.

Yn desimber 406 kaam dizze alliansje fan Germaanse folken op de rjochterigge fan de Ryn , likernoch tsjinoer Mainz . Hjir wienen gjin Limitanei , allinnich Frankyske foederaty dy't lykwols fest fan doel wienen om de nijkommers op te kearen. De slach dy't doe losbarste like yn it earstoan ut ta pakken yn it foardiel fan de Franken, doe't de Alanen it underling uniens waarden oer de te folgjen koers en in part fan de Alanen, laat troch harren oanfierder Goar nei de oare kant oerrun. Dan falt de Fandaalse kening Godegisel as gefolch fan in Frankyske oanfal. Mei help fan it oare part fan de Alanen, laat troch Respendial slagge hy deryn de slach te kanteljen yn it foardiel fan de Germaanske alliansje. Dernei koenen de oerwinners op aldjiersdei 406, de wierskynlik tichtferzen Ryn oerstekke en Galje yntrekke.

Gefolgen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

As gefolch fan dizze ynvaazje kaam it Romeinske leger yn Grut-Brittanje under oanfiering fan Konstantyn III yn opstan en stuts oer nei Galje. Dizze komst soe der ta liede dat de Germaanske alliansje utwykte nei it suden ta en yn 409 Spanje ynluts. It Romeinske leger lykwols wie net kreftdiedich om se te kearen. De oan it Romeinske Ryk ferbune foederaty lykas de Salyske Franken , Boergonden en Allemannen dy't de ynkommende folken gjin help jun hienen, mar ek net opkeard hienen, soenen har yn it gebiet efter harren festigje en dermei harren oanwezigens yn Galje utwreidzje.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Ferdinand Lot - De Germaansche invasies. De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld , Den Haach, 1939, side 82-83.