In skuonmakker oan it wurk.
In
skuonmakker
is in
ambachtsman
dy't
fuotark
makket en reparearret, lykas
skuon
,
learzens
,
sandalen
,
toffels
en
mokassins
.
Klompen
wurde makke troch in
klompemakker
, in berop dat
houtbewurker
neier is as skuonmakker. De materialen der't skuonmakkers harren fuotark fan meitsje, wiene tradisjoneel almeast
lear
,
hout
(yn 'e regel beheind ta de
soal
),
plestik
,
rubber
en
jute
. Foar it meitsjen fan fuotark bruke skuonmakkers in saneamde
least
. Dat is in typearjend stik reau foar dizze beropsgroep dat de foarm fan in
foet
hat. De skoech of it oarsoartige fuotark wurdt deromhinne foarmjun. Foarhinne wiene leasten yn 'e regel makke fan hout of metaal, mar tsjintwurdich binne se meast fan plestik.
It
ambacht
fan skuonmakker is tige ald. It waard al utoefene yn 'e
Klassike Aldheid
fan
Grikelan
en it
Romeinske Ryk
. Yn 'e twadde helte fan 'e
njoggentjinde iuw
kaam de produksje fan fuotark lykwols almar mear yn 'e hannen fan
fabriken
en oare grutskalige produksjemetoaden, dy't sok guod flugger en goedkeaper fabrisearje koene. Ut dy tiid datearje ek de standertskuonmjitten; foartiid waarden skuon troch de skuonmakker foar eltse klant apart op maat makke. Sadwaande rjochtsje skuonmakkers har hjoed oan 'e dei benammen op it reparearjen fan fuotark (en faak ek fan oar learwurk, lykas
rimen
), wylst se har net mear bemuoie mei de eigentlike produksje.
De
patroanhilligen
fan skuonmakkers binne
Krispinus en Krispinianus
, dy't oarspronklik skuon foar de earmen makken yn it
Franske
Soissons
.