Sjitten

Ut Wikipedy
Amerikaansk sportsjitter Glenn Eller yn 2008 op 'e Olympyske Spullen fan Peking .

Sjitten is it untladen fan in projektyl ut in projektylwapen , lykas in gewear , pistoal , kanon , mortier , slinger , kattepul , boge of krusboge . By fjoerwapens wurdt dat untladen it fjurjen of offjurjen neamd, om't derfoar in ferbraningsproses needsaaklik is. Ek de lansearring fan in raketwapen kin omskreaun wurde as sjitten of ofsjitten . Immen dy't sjit, is in skutter of sjitter . As men der tige goed yn is, wurdt men in skerpskutter neamd. As men ferskule leit by it sjitten is men in slupskutter .

Sjitten wurdt dien as underdiel fan oarlochfiering , misdie , jacht en sport . In lytsskalige konfrontaasje werby't sketten wurdt, bygelyks tusken de plysje en kriminelen , hjit in sjitpartij of in fjoergefjocht . In spesifike foarm fan 'e sjitpartij is in drive-by shooting , werby't yn it foarbygean ut in ridende auto wei sketten wurdt. De sport fan it sjitten mei fjoerwapens is sportsjitten . Ek by beskate oare sporten, lykas biatlon , spilet sjitten in rol. It sjitten mei pylk-en-boge wurdt hjoed de dei hast altyd spesifyk bogesjitten neamd, om't sjitten mei fjoerwapens de noarm is.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .