Sjirk Franses van der Burg

Ut Wikipedy

Sjirk Franses van der Burg ( Langsweagen , 21 novimber 1917 - Lippenhuzen , 7 juny 2008 ) wie bistedokter op De Lemmer en yn syn studintetiid in liedende figuer yn de Federaasje fan Fryske Studinteferienings . Yn 1943 naam er de foarstap ta it fersprieden fan it fersetsbled Frysk en Frij, dat yn 1944 yn druk ferskynde. Frysk en Frij bestie as tydskrift ] oant en mei 1997 [1] en waard dernei fuortset as utjouwerij.

Yn de Twadde Wraldoarloch wie er fan desimber 1942 of foarsitter fan 'e Federaasje fan Fryske Studinteferienings . Hy krewearre derfoar om de skieding mei alles wat Dutsk wie, skerp nei foaren te bringen.

Kneppelfreed [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van der Burg wie oanholden om't er op in dyk riden hie dy't ofsletten wie troch it wetterskip . Hy hie dat dien om't er in haastgefal han hie, dat hy liet it op in rjochtsaak oankomme. Op 17 oktober 1951 krige er in boete fan san gune , mar dermei wie de saak noch net klear. Van der Burg hie nammentlik wegere om Nederlansk te praten en rjochter Wolthers hie wegere him te ferstean as er Frysk spruts.

Wolthers, dy't al jierren yn Fryslan wenne en it Frysk al ferstean koe, woe dochs fan de beklaagde dat er Nederlansk prate en frege him at er as studearre man gjin Nederlansk koe. Van der Burg gong troch yn it Frysk en fierde oan dat immen dy't yn Fryslan terjocht stie, syn eigen taal bruke meie moatte soe. Derop gong de rjochter derta oer de sitting op te skowen, om him derop te berieden, at der in tolk komme moast. De beklage waard oplein te wachtsjen oant dat berie plakfun hie en dernei wer op 'e rjochtsitting te ferskinen.

Doe't de sitting wer iepene waard, waard oan 'e beklage meidield dat der gjin tolk komme koe - eat dat de rjochter yn 't foar ek wol witte kinnen hie. De rjochter moast it doe duldzje dat de beklage Frysk spruts, mar underwilens liet er Van der Burg noch al witte: " Officieel versta ik u niet. " Dat betsjutte dat Van der Burg yn 'e rjochtseal wol Frysk prate koe, mar dat wat er sei dan net opnommen waard yn it ferslach en dat der ek gjin rekken mei holden wurde soe by it feststellen fan it funis.

It wie in fergelykbere saak as dy fan Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw dy't ek wegeren Nederlansk te praten yn de rjochtsseal wat wer de oanlieding wie ta it skriuwen fan kranteartikels fan Fedde Schurer en dermei de oanlieding ta Kneppelfreed .

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1945, de befrijing - skiedkundich wurk

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: