Sjantaazje

Ut Wikipedy

Sjantaazje (fan it Franske chantage ) is it oftwingen fan meiwurking under bedriging mei it utbringen fan geheime ynformaasje . Immen dy't him of har oan sjantaazje skuldich makket, is in sjanteur . Sjantaazje is in foarm fan ofparsing en wurdt yn 'e measte lannen beskoge as in misdriuw . De oftwongen meiwurking kin bestean ut it oerdragen fan jild of oare kostberheden of it utfieren (of neilitten) fan beskate aksjes der't de sjanteur foardiel fan underfynt. De bedriging kin bestean ut it iepenbier meitsjen fan wiere of falske ynformaasje dy't fysyk letsel of mentale of emosjonele skea tabringe sil oan it slachtoffer of in famyljelid of freon fan him of har, of dy't liede sil ta gerjochtlike ferfolging fan it slachtoffer of in famyljelid of freon.

Yn Nederlan stiet sjantaazje yn it juridysk jargon bekend as ofdriging , en is it ferbean under kest 318 fan it Wetboek fan Strafrjocht en kest 331 fan it Wetboek fan Strafrjocht (BES) . It wurdt der omskreaun as: "mei it eachmerk om jinsels of in oar unrjochtlik te befoardieljen, troch bedriging mei smaad , smaadskrift of iepenbiering fan in geheim" immen te twingen "ta de ofjefte fan lykfol hokker guod dat hielendal of foar in part oan dyselde of oan in trede [partij] taheart, of ta it oangean fan in skuld of it teneate dwaan fan in ynskuld, of ta it ta beskikking stellen fan gegevens mei jildswearde yn it hannelsferkear ". Under dy deliktomskriuwing falt dus net it mei sjantaazje twingen ta it dwaan of neilitten fan eat, lykas it oftwingen fan seksuele tsjinsten . Sokke misdriuwen moatte derom ferfolge wurde fia oare wetsartikels , lykas it ferbod op bedriging .

Ofdriging is yn it Nederlanske strafrjocht in klachtdelikt (werby't in fertochte pas ferfolge wurde kin nei't it slachtoffer oanjefte fan in misdriuw dien hat) om 'e foar de han lizzende reden dat amtlike ferfolging krekt troch de iepenbierens fan 'e rjochtspraak oan it ljocht bringe soe wat it slachtoffer ferburgen halde wolle kin. Opmerklik is fierder dat it ek strafber is om immen te sjantearjen ta eat der't it slachtoffer sivylrjochtlik al ta ferplichte is. Mei oare wurden: sjantaazje is gjin legaal ynkassomiddel . Ofdriging kin under de Nederlanske wet bestraft wurde mei in jildboete fan 'e fyfde kategory of in finzenisstraf fan maksimaal trije jier .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .