Sir

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sir (titel) )

Sir (utspr.: [s?:(?)] of [sœ:(?)], likernoch: "seur" of "suh") is yn lannen fan it Britske Gemienebest (mar fral yn it Feriene Keninkryk sels) in predikaat dat foar de foarnamme pleatst wurdt om oan te jaan dat in man riddere is troch Britske monarch . It froulike ekwifalint is dame (utspr.: [de:m], likernoch: "deem"). It gebruk fan dizze predikaten is strikt festlein yn wetten en gewoanten.

Yn 'e Ingelske sprektaal wurdt sir fierders ek brukt as oansprektitel foar lykfol hokker man, ferlykber mei meneer yn it Nederlansk (yn it Frysk untbrekt fan oarsprong in ekwifalint, mar wurdt no ek wol "menear" brukt; it ultime fatsoen lit men yn it Frysk lykwols blike troch de oare inkeld mei de efternamme oan te sprekken). Yn dizze foarm is it froulike ekwifalint fan sir itsij madam (utspr.: ['mæd?m], itsij, benammen yn it Amerikaansk-Ingelsk , ma'am (utspr.: [mæ??m]).

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .