한국   대만   중국   일본 
Sintraal Kanada - Wikipedy Springe nei ynhald

Sintraal Kanada

Ut Wikipedy
De lokaasje fan Sintraal Kanada yn Kanada .

Sintraal Kanada , of ek wol de Sintrale Provinsjes , wurde de beide Kanadeeske provinsjes Ontario en Kebek mei oantsjut. Hoewol't der de grutste befolkingssintra fan hiel Kanada lizze, foarmje se poer geografysk sjoen mear in midsudeastlik part fan it lan as dat se no persiis yn 'e midden lizze. Behalven harren geografyske neite hawwe it Ingelsktalige Ontario en it Fransktalige Kebek fierders net in protte mei-inoar gemien. Sintraal Kanada foarmet mei Atlantysk Kanada de gruttere regio fan Eastlik Kanada .

Sintraal Kanada hie yn 2011 in befolking fan krapoan 20 miljoen minsken op in oerflak fan rom 2.618.000 km², wat in befolkingstichtens fan 7,6 minsken de km² opsmiet. Fan 'e totale befolking fan Kanada libbet sa'n 62% yn Sintraal Kanada. De grutste sted yn it gebiet is Toronto , yn Ontario, folge troch Montreal , yn Kebek. Oare wichtige plakken binne de Kanadeeske federale haadsted, Ottawa , yn Ontario, en de provinsjale haadsted fan Kebek, dy't ek fan Kebek hjit. De befolking is foar in grut part fan Noardjeropeesk komof, mei hege persintaazjes Ingelsen , Fransen , Skotten , Ieren en Dutsers , mar yn 'e grutte steden libbet in oansjenlike net-Westerske minderheid. De lanseigen befolking, besteande ut Yndianen , Metis en Inuyt , makket yn Eastlik Kanada in relatyf leech persintaazje fan 'e befolking ut.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .