한국   대만   중국   일본 
Sint-Eustasius - Wikipedy Springe nei ynhald

Sint-Eustasius

Ut Wikipedy
Sint-Eustasius
Statia
Flagge fan Sint-Eustasius Wapen fan Sint-Eustasius
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sint-Eustasius
Offisjele taal Nederlansk , Ingelsk
Haadsted Oranjested
Steatsfoarm bysundere gemeente fan Nederlan
Gebiet
% wetter
21 km²
-­%
Ynwenners ( 2007 ) 3300
Munt Amerikaanske Dollar (USD)
Tiidsone UTC -4
Nasjonale feestdei Statia Day , 16 novimber
Lankoade BES
Ynternet .an / .nl ( .bq )
Tillefoan 599

Sint-Eustasius is in bysundere gemeente fan Nederlan . Tegearre mei Saba en Sint-Marten foarmet it de SSS-eilannen en heart it ta de Boppewynske Eilannen . It haadplak fan Sint-Eustasius is Oranjested . Pleatslik wurdt it eilan Statia neamd. It eilan hat in lingte fan 4,5 kilometer en in breedte fan 9 kilometer, it is sa’n 21 kante kilometer grut. Op Sint-Eustasius wenje likernoch 3.300 minsken.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kristoffel Kolumbus seach Sint-Eustasius yn 1493 foar it earst. Yn de oardel iuw derop waard it eilan troch tal fan mogendheden opeaske. Yn 1636 waard it kolonisearre troch Nederlan , benammen troch ynwenners fan Seelan . De Fransen hienen yn 1629 in fort op it eilan boud, dat fort waard troch de Siuwen letter utwreide en Fort Oranje neamd. Sint-Eustasius is it plak der’t de earste Joadske delsetting stifte waard yn de Nije Wrald . Dizze delsetting giet werom oan 't begjin fan de 18e iuw . De synagoge fan de Joaden, de Honen Dalim Synagoge waard boud yn 1739 . Yn distiid is dizze synagoge net mear as in ruine.

De haven fan Sint-Eustasius.

Sint-Eustasius waard yn de rin fan de tiid in wichtige trochfierhaven en wie it meast winstmeitsjende besit fan de West-Yndyske Kompanjy . Yn dy tiid waard it eilan wol de Gouden Rots neamd. Yn 1779 leinen mear as 3.000 skepen ut Jeropa , Amearika en Afrika oan yn de haven fan Oranjested. Somtiden kamen der mear as 20 skippen deis oan. Yn de haven koenen 200 skippen tagelyk lizze en wennen der doe goed 25.000 minsken op Sint-Eustasius.

Doe’t de Amearikanen harren frijheidsstriid tsjin de Ingelsen begunen, leveren de Nederlanners de wapens fia Sint-Eustasius. Dizze goede relaasje tusken de beide gebieten resultearre yn it ferneamde ‘Flagge ynsidint’ fan 16 novimber 1776 . Op die dei hie it Amerikaanske skip de USS Andrew Doria , de nije Amerikaanske flagge yn top, Gallows Bay yn. It skip waard, yn opdracht fan guverneur Johannes de Graeff , ynhelle mei 11 salutskotten. Hjirmei is Nederlan it earste lan dat de Feriene Steaten fan Amearika , de fakto, as unofhinklik lan erkende. Dit barren wurdt elts jier fierd op de feestdei fan it eilan, Statia Day .

De Ingelsen ferklearren hjirop Nederlan de oarloch ( Fjirde Ingelske Kriich ). Dizze kriich wie tige min foar de hannel fan Nederlan. De oarloch liede der ta dat de Ingelsen op 3 febrewaris 1781 Sint-Eustasius bemasteren. Guverneur De Graaff, dy’t doe noch nea ofwist fan de kriichsferklearing, joech him oer oan de Britske admiraal George Brydges Rodney . Tsien moannen letter waarden de Ingelsen oermastere troch it Franske leger, bunsgenoaten fan de Nederlanners tsjin de Ingelsen. Yn 1784 krige Nederlan it kommando oer it eilan werom.

Oant 1983 foarme Sint-Eustasius, tegearre mei Saba en Sint-Marten, de Boppewynske Eilannen. Yn 1983 krige it eilan de status as selsstannich eilangebiet. It eilan hat ien sit yn de Steaten fan de Nederlanske Antillen .

In foto fan The Quill.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sint-Eustasius bestiet ut in, fermoedlik, sliepende fulkaan yn it sudeasten fan it eilan, The Quill neamd, in feringelsking fan it Nederlanske ‘De Kuil’. Offisjeel heart de berch Mount Mazinga, it hat in hichte fan 602 meter. Yn it noarden fan it eilan leit in utdove fulkanysk gebiet dat likernoch 200.000 jier ald is. Dertusken yn leit in relatyf plat gebiet, der't Oranjested leit.

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op Sint-Eustasius wenje hjoed de dei likernoch 3.300 ynwenners. By de leste folkstelling yn 2001 hie 78% fan de ynwenners de Nederlanske nasjonaliteit. Mar 45% fan de ynwenners is berne op it eilan.

Ingelsk is de taal dy’t it meast sprutsen wurdt op Sint-Eustasius; 83% hat dizze taal as memmetaal. Foar 6% is dit Spaansk en foar mar 4% it Nederlansk .

Yn de rin fan de tiid hat Sint-Eustasius grutte ferskillen han yn it ynwennertal. Yn 1665 wennen der 1.600 minsken op it eilan. Mei de grutte bloeiperioade fan it eilan, run 1780, wennen der tusken de 20.000 en 25.000 minsken. Nei de bemastering fan Ingelan yn 1781 sakke it ynwennertal hurd nei likernoch 7.600 ynwenners yn 1786 . It tal ynwenners bleaun dernei noch lange tiid sakjen. Yn 1914 wennen der noch mar 1.437 minsken op it eilan, 20.000 minder as yn 1780 .

Op Sint-Eustasius binne net echt ferskate doarpen en plakken te underskieden. Sawat de hiele befolking wennet yn Oranjested oan de sudwestkust, of yn it gebiet der omhinne.

De omkriten fan Sint-Eustasius.

Befolkingsuntwikkeling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bestjoer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It bestjoer fan it eilan bestiet ut in bestjoerskolleezje en in eilanried .

Sint-Eustasius hat ien sit ien de Steaten fan de Nederlanske Antillen .

Eilanried [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Utslach fan de eilanriedsferkiezings fan 20 april 2007
Partij Partijlieder Stemmen Persintaazje Sitten
Democratische Partij (DP) Julian Woodley 626 55,35 4
Progressive Labour Party (PLP) Clyde van Putten 270 23,87 1
St. Eustatius Empowerment Party (STEP) Franklin Brown 211 18,66 0
People's National Democratic Party (PNDP) Cyril Tearr 24 2,12 0
Opkomst 1.148 75,68 5

Gearstelling eilanried :

Histoarysk ferrin sitferdieling eilanried
Partij 2007 2003 1999 1995 1991 1987 1983
Democratische Partij (DP) 4 3 2 3 3 ? ?
Progressive Labour Party (PLP) 1 2 - - - - -
Sint Eustatius Alliance (SEA) - 0 3 2 2 ? ?
Totaal 5 5 5 5 5 5 5

Bestjoerskolleezje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bestjoerskolleezje  :

Steatkundige herfoarmings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it referindum fan 8 april 2005 keazen de bewenners fan Sint-Eustasius foar it behald fan de Nederlanske Antillen. Omdat alle oare eilannen derfoar keazen om de Nederlanske Antillen as steatkundige ienheid te ferlitte, waard keazen foar de opsje mei it twadde oantal stimmen, rjochtstreekse bannen mei Nederlan.

Utslach referindum fan 8 april 2005
Opsje Stimmen Persintaazje
A:Behald fan de Nederlanske Antillen 605 76,6
B: Rjochtstreekse bannen mei Nederlan 163 20,6
C: Yntegraasje yn Nederlan 17 2,2
D: Unofhinklikheid 5 0,6
Blanko en net-jildige stimmen ? -
Opkomst 790 56,0

Op 11 oktober 2006 berikke it eilan (tegearre mei Saba en Bonere ) oerienstimming mei Nederlan oer in nije status as bysundere gemeente. Dit giet oan it ein fan 2008 yn.

Yn desimber 2006 waard bekend dat Noard-Hollan Saba, Sint-Eustasius en Bonere by dy provinsje ha wol.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sint-Eustasius is net, lykas in protte oare eilannen yn de Karibyske See, in tradisjoneel toeristysk eilan omdat it net beskikt oer grutte sanstranen en akkommodaasjes. Dochs probearret de oerheid it toerisme de stimulearje mei atraksjes as The Quill en it histoarysk sintrum. Op Sint-Eustasius leit in lyts fleanfjildsje, it Franklin D. Roosevelt Airport , mei ien laningsbaan.

Op Sint-Eustasius wurkje relatyf folle minsken by de oerheid. Ek Statia Oil Terminals is in grutte wurkjouwer op it eilan.

Yn de jierren tachtich wie it mooglik om op it eilan in rydbewiis te helje, dat yn Nederlan om wiksele wurde koe foar in Nederlansk rydbewiis. Hjir waard yn 1993 in ein oan makke.

Natuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op it eilan libje fjouwer soarten flearmuzen. Dit binne de Artibeus jamaicensis , de Ardops nichollsi , de Brachyphylla cavernarum en de Molossus molossus .

Foar safier bekent hat it eilan gjin ynhiemske suchdieren .

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]