Simke Kloosterman
(
Twizel
,
25 novimber
1876
-
Ljouwert
5 desimber
1938
) wie in Frysk
skriuwster
en
dichter
.
Simke Kloosterman wie iennich bern fan de Fryske dichter
Jan Ritskes Kloosterman
. Nei de Hofskoalle yn
Ljouwert
gie se nei in partikuliere skoalle yn
Grins
en in
kostskoalle
yn
Wyk by Duerstede
Simke debutearre yn it
Nederlansk
yn
De Hollandsche Lelie
, mar skreau neidat der yn
1898
wurk fan har opnommen wie yn
Sljucht en Rjucht
allinnich noch yn it
Frysk
. Yn earsten ek under in
skulnamme
, 'In Frysk famke'. Lyryske en aristokratyske ynstelling.
It hus der't se altyd wenne, is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it
Simke Kloostermanhus
yn stan haldt. Der is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk. Mei de Simke Kloosterman Rintocht yn Twizel wurdt ek omtinken jun oan de skriuwster.
Yn Twizel wurdt om de trije jier de
Simke Kloostermanpriis
utrikt foar it beste berne- en jeugdboek.
Yn 2023 ferskynde fan
Phillipus Breuker
in wiidweidige biografy fan Simke Kloosterman mei de titel
De keunst as utwei
.
Douwe Kalma hie al earder (in unfoltoge) biografy skrean. De biografy fan Breuker pleatst de skriuwster yn it ramt fan har famyljeskiednis en hy untrafelt werom't se keas foar in bestean als skriuwster in het Frysk.
- De Hoara's fen Hastings
(1921)
- It Jubeljier : 1793-1813
(1927)
- Hengist en Horsa
(
novelle
) (1933) Sjoch ek:
Hengist en Horsa
en
Keninkryk Kent
- Ut de gielgoerde
(novellen) (1936)
- Ut de gielgoerde
(novellen en oar
proaza
) (1944)
- Ut de gielgoerde
(karlezing) (1963)
- Ruth: In han fol ieren
(fersen en
ferhalen
) (1910)
- De wylde fugel
(1932)
- Lisck fen Eijsinga
(ballade) (1941)
- Myn lan
(karlezing) (1982)
- Twiljochtteltsjes
(
mearkes
) (1928)
- Lyts Teltsjeboek for Fryske bern
(1932-1933)
- Great Teltsjeboek for Fryske bern
(mei T. Hellinga-Zwart) (1932)
- Beppe yn ’e fleur
(1936)
- De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit
(1938), Itensierdersboek.
- Simke Kloosterman Spreuken
(1962)
- De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma
(1976)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|