한국   대만   중국   일본 
Shay Fox - Wikipedy Springe nei ynhald

Shay Fox

Ut Wikipedy
Shay Fox
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Shey Fox, Shay Foxx
echte namme Rachel Clarke
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 jannewaris 1969
berteplak Los Angeles ( Kalifornje )
etnisiteit Dutsk
Nederlansk
Yndiaansk
Sweedsk
wurkpaad
wurksum as fitnessmodel , neakenmodel ,
stripper , pornoaktrise
jierren aktyf 2010 ? no
offisjele webside
www.clubshayfox.com

Shay Fox , echte namme: Rachel Clarke ( Los Angeles , 17 jannewaris 1969 ), is in Amerikaansk hierknipster , fisazjiste , fitnessmodel , neakenmodel , stripper en pornografysk aktrise fan mingd Dutsk , Nederlansk , Sweedsk en Yndiaansk etnysk komof. Har skulnamme wurdt ek wol misstavere as Shey Fox of Shay Foxx. Hja sette har karriere utein as fitnessmodel en rekke yn 'e Amerikaanske pornoyndustry behelle troch har wurk as stripper . Fan 2010 of hat Fox in florearjende karriere as pornoaktrise opboud, werby't se har benammen taleit op it sjenre fan 'e milfpornografy .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Shay Fox waard yn 1969 berne yn Los Angeles , yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje , mar groeide op yn it noarden fan 'e steat. Hja hat ek ferskate jierren yn Las Vegas wenne foar't se weromferhuze nei sudlik Kalifornje. Fox wie trettjin jier lang hierknipster en fisazjiste fan berop , en naam (under har eigen namme) diel oan in grut tal fitnesswedstriden , oant op it Kalifornyske steatsnivo ta. Doe't se ein jierren 2000 as stripper begun te wurkjen, rekke se fia-fia by de Amerikaanske pornoyndustry behelle. Yn 2010 , doe't se 41 jier wie, makke Fox har debut yn in pornografyske film .

Sunt hat Fox neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn sa'n 120 ferskillende pornofilms spile, u.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse , Wicked Pictures , Adam & Eve , Devil's Film , Evil Angel , Jules Jordan Video , New Sensations , Zero Tolerance , Digital Sin en it Sweedske Private . Teffens hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions , Pure Play Media , Girlfriends Films en Mile High Media . Fierders hat Fox ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet , werunder Brazzers , Bang Bros en Blacks on Blondes . Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel , en yn dy hoedanichheid hat se u.o. yn it neakenbled Score stien.

Lichemsskaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Shay Fox is blank en hat blauwe eagen en swart hier , dat se koart draacht mei in ponny fan foarren. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 60 kg, en kupmaat 36F (of 36DDD), der't se in boarstfergruttingsoperaasje foar undergien hat. Fox hat in atletysk en spierd lichem, dat dunker brune is. Hja hat piercings troch har lofternoaswjuk , har klitoris en troch de hud boppe har skamstreek , de hud fan har lofterpols en yn in rige op acht plakken troch de hud fan har rech oer de lingte fan har wringe . Ek hat se tatoeaazjes op har rech dy't mei de acht piercings dere in soarte fan linte foarmje, en oare tatoeaazjes hat se op har lofterhan , har rjochterunderearm , har lofterpols , en op har beide fuotten .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: