Sevearus Aleksander
(
1 oktober
208
-
19 maart
235
), meastentiids ek
Aleksander Sevearus
neamd, folut yn it
Latyn
as
Marcus Aurelius Severus Alexander
, wie keizer fan Rome fan
222
-
235
. Hy hearde by de
Servearyske dynasty
en wie yn tsjinstelling fan syn neef
Elagabalus
dy't foar him keizer wie in evenredige en betochtsume keizer.
Aleksander Sevearus waard berne mei de Latynske namme
Marcus Julius Gessius Alexianus'
(of neffens oare boarnen
Gessius Bassianus Alexianus
) yn "Caesarea sub Libano" yn it tsjintwurdige
Libanon
. Troch syn beppe
Julia Maesa
waard hy nei foaren skood as erfgenamt fan de Romeinske keizer
Elagabalus
. Syn beppe beskerme him ek tsjinoer lettere besikings him ut de wei te romjen. Elagabalus waard fermoarde en de jonge Aleksander Sevearus waard, yn earsten under fadij fan syn beppe en nei har dea fan syn mem
Julia Mamaea
, de nije keizer.
As neef fan syn foargonger
Elagabalus
hie Aleksander Sevearus it prysterskip fan
El-Gabaal
urven, mar hy makke fuort in ein oan dizze ymportearre religieuskse praktiken yn Rome, want de Romeinske befolking wie hjir frijwat op tsjin. Hy stjoerde de hillige stien fan
Emesa
werom nei
Syrje
en wijde de timpel fan Elagabalus op 'e nij oan de Romeinske god
Jupiter
Ultor
.
Hoewol't de beide Julia's mei de jonge Sevearus Aleksander Rome wer in kundich en evenredich bestjoer joegen, untstie der al gau unrest tsjin it froulju-bewald. Underwilens hie der yn it oanswettende ryk fan de
Parten
in wichtige omwinteling west dy't tige gefaarlike feroaring ynhalde foar it Romeinske rk. De
Sassaniden
hienen under foarst
Ardashir
de macht oernomd fan it swakke bewald fan de Parten. Dertroch waard de easterbuorman in bedriging fan belang. Hja foelen it Romeinske ryk yn en yn
230
gong de Romeinske provinsje
Mesopotaamje
ferlern en waard it hiele easten bedrige troch de Sassaniden.
Aleksander sette him mei it leger nei it easten en makke mei sukses in ein oan de Perzyske bedriging. Lykwols wie syn oanfal op de Sassaniden net it sukses der't hy op hope hie. De Romeinske provinsje Mesopotaamje koed er net werom feroverje. Syn tsingader
Ardashir
slagge deryn de wichtige oanfal op de sted
Ctesifon
, net allinnich of te warren mar om te setten yn in Romeinske nederlaach fan formaat. Yn stee fan in oerwinning helje dy't foarfest in ein meitsje soe oan de lestige Perzen en Aleksander yn de fuotspoaren fan syn yllustere nammegenoat trede kind hie, moast hy him dellizze mei in soarte fan lykspul. It hindere Aleksander yn alle gefallen net om op
25 septimber
233
in oerwinningstaspraak te halden weryn de nederlaach fan Ctesifon ferswijd waard.
Aleksander kaam as triomfator nei Rome werom, mar moast fuort mei it leger nei de Donau-grins dat bedrige waard troch
Germaanske
stammen. Hy ferlear it oansjen fan it leger doe't er de bedriging fan de Germanen mei underhannelings oplosse woe ynstee fan kriichfiere. Yn
235
waarden hy en syn mem fermoarde as gefolch fan in militere kup en kaam de earste
soldatekeizer
Maksiminus Traks
op de keizerlike troan.