Ober of servearster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Servearster )
In servearster.

In ober ( manlike foarm, oarspronklik in ofkoarting fan it Dutske Oberkellner ) of servearster ( froulike foarm) is immen dy't foar syn of har berop iten en/of drinken optsjinnet yn in restaurant , kafee of oare hoarekagelegenheid . Beide foarmen kinne beflapt wurde under de oantsjutting: servearjend personiel . Minder gongbere synonimen foar ober en servearster binne kelner , resp. kelnerinne . Hoewol't dit berop net in protte maatskiplik oansjen hat, ferfolje obers en servearsters yn 'e hoareka in krusjale rol as tuskenpersoanen tusken de klanten en de koken of bar . It is derom wichtich dat se har belangstellend en skewieljend opstelle foar de klant oer; as men betsjinne wurdt troch in ober of servearster dy't koartof is of de gek mei jin hat, sil men yn sa'n gelegenheid grif net weromkomme.

De presize regels der't obers en servearsters har oan halde moatte, ferskille per restaurant en kafee, en wurde opsteld troch de eigner of bedriuwslieder . Net selden heart der ek it dragen fan in bedriuwsunifoarm ta. Yn saneamde breastaurants , der't benammen kreaze jonge froulju as servearster oannommen wurde, hawwe sokke unifoarmen faak (letterlik) net folle om 't liif. Hoewol't it servearjend personiel achte wurde de klant safolle mooglik te geriivjen, binne der fansels grinzen oan. De measte bedriuwslieders en -eigners yn 'e horeka sille in klant derut sette as dy him unbetamlik foar de servearsters oer haldt en draacht (bygelyks troch unwinske yntimiteiten te ferrjochtsjen of kwetsend taalgebruk te uterjen). Grypt de eigner of bedriuwslieder yn sa'n sitewaasje net yn, dan kin in servearster, benammen as it om unwinske yntimiteiten giet, de oanjefte dwaan by de plysje .

De klanten jouwe by de obers en servearsters op wat se ite en/of drinke wolle, wernei't de oangeande ober of servearster dat foar harren ophellet. Dit wurdt it opnimmen fan 'e bestelling en it betsjinjen neamd. Yn restaurants is it wichtich dat it servearjend personiel wit wat der op it menu stiet, sadat se de klant foarljochtsje en/of gerjochten oanriede kinne. Yn djoere restaurants is gauris in saneamde sommelier oanwezich, in ober dy't inkeld oer de wyn giet, en de klant der hundertut oer fertelle kin. Yn sokke gelegenheden is der faak ek in haadober, waans funksjes oerlaapje mei dy fan 'e maitre d'hotel . Faak hawwe yndividuele leden fan it servearjend personiel yn in drokke hoarekagelegenheid in stikmannich feste ' tafels ' dy't oan harren tawiisd binne; soks helpt om effisjinter te wurkjen. As de klanten it iten dien hawwe, rommet de ober of servearster de tafel of, en as se fuort sille, rekkenet de klant by him of har of. Yn kafees en lytsere restaurants hat it servearjend personiel, dat der faak hielendal of foar in diel bestiet ut famyljeleden fan 'e eigner, faak noch oare taken, lykas ofwaskjen , it poetsen fan it taffelsreau , it dweilen fan 'e flier of it himmeljen fan 'e tafels. Soms helpe se ek mei oare dingen, lykas it ynslaan fan foarrieden.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .