한국   대만   중국   일본 
Seltsjoeken - Wikipedy Springe nei ynhald

Seltsjoeken

Ut Wikipedy
It Seltsjoekeryk op syn grutst

De Seltsjoeken wienen in Turkske stamme , dy't oarspronklik ut Sintraal-Aazje wei kamen en begjin 11e iuw in ryk yn it Midden-Easten stifte dat stan hold oant de 13e iuw , mar dat syn hichtepunt meimakke op de ein fan de 11e iuw. Ikoanion, it latere Konya wie haadsted fan dat Ryk.

Iere tiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De stamheit fan de Seltsjoekedynasty wie Seltsjoek , mar as feitlik grunlizzer fan harren macht jildt Tu?rul Beg in pakesizzer fan him. Seltsjoek wie in bey (lieder) fan de Kinik , in oftakking fan de Oghuzen, en gong mei syn folk om-ende-by 960 oer ta it islamityske leauwen .

Neidat de Seltsjoeken yn 1026 troch Mahmoed fan Ghazna ferslein wienen, splitsten sy har op yn trije groepen. Wylst ien groep yn Sintraal-Aazje bleau, lutsen twa groepen westoan nei Korasan en Afganistan . Yn 1037 waard Merv ferovere en yn 1038 Herat en Nisjapoer . Nei de dea fan Seltsjoek ferparten syn pakesizzers Tu?rul Beg en Sjagry Beg it lan. Tu?rul krige it westlike part en soe it ryk fierder utwreidzje.

Yn 1040 fersloech Tu?rul de Gaznaviden , yn 1042 ferovere hy it westen fan Iran, yn 1052 ferovere hy Siraz en yn 1054 waard er soeverein hearsker oer Azerbeidzjan en Koezistan .

Dernei rjochte hy him op Irak, der't Bagdad de yn dy tiid dewichtichste sted fan it Midden-Easten fan wie. As soennyt woe hy Bagdad "befrije" fan de sjiityske Boeyiden . Yn 1055 slagge it him Bagdad te feroverjen. Mei de oermastering fan Bagdad kontrolearren de Seltsjoeken it kalifaat en as sadanich feitlik ek de islam.

Alp Arslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de dea fan Tu?rul yn 1063 waard in neef fan him Alp Arslan de nije lieder. Tegearre mei syn ynfloedrike grutfizier Nizam al-Moelk boude Alp Arslan in machtige steatsorganisaasje op. It leger fan hierlingen waard omfoarme ta in steand leger. Yn 1070 erkende de Sjaryf fan Mekka de soevereiniteit fan de Alp Arslan en dertroch wie de pylgerrute nei Mekka fersekere.

Yn Anatoalje oermasteren losse kloften Turken ferskate steden lykas Caesarea ( 1067 ) en Konya ( 1069 . Alp Arslan feriene de Turkske troepen en fersloech de Byzantinen yn 1071 yn de slach by Mantzikert der't Anatoalje troch iepen lei foar de Turken. (Yn reaksje op dizze nederlaach soe de Byzantynske keizer help ynroppe by de Paus , wat uteinlik liede soe ta de Krustochten .

Nei dizze oerwinning yn Anatoalje luts Alp Arslan fierder eastoan, mar waard yn 1072 deade doe't er mei it leger de Oksus oerstiek.

Lettere tiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alp Arslan waard troch Malik Sjah I , in soan fan him opfolge. Dy boude de steat fierder ut mar under syn regear waard al dudlik dat er net by steat wie it ofgryslik grutte ryk byinoar te halden. Nei syn dea yn 1092 foel it dan ek utinoar yn trije parten. Syn neifolgers strieden underling om de macht wat noch mear ta underlinge ferdieldheid liede soe.

Lang om let foel it Seltsjoekeryk utien yn ferskate lytse steatsjes.