Seksuele oantrekking

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Seksuele oantrekking )
It Flirten , in skilderij fan Eugene de Blaas , ut 1904 .

Seksuele oantrekking is it jin ta immen oanlutsen fielen fanwegen seksuele begearte . Oantreklikens , oantreklikheid , sexappeal of sensualiteit is it fermogen fan immen om sokke seksuele begearte yn in oar op te wekjen. Biologysk sjoen spilet soks in wichtige rol by seksuele seleksje en partnerkar . Seksuele oantrekking kin poer op fysike , uterlike skaaimerken bereste, mar kin ek om mentale , ynderlike skaaimerken gean. Faak hat it te krijen mei in kombinaasje fan beiden. It is ek mooglik dat der sprake is fan oare eleminten, lykas estetyske skientme , elegante beweging , it lud fan 'e stim , of de rook dy't immen ofjout. Hoewol't seksuele oantrekking op grun fan inkeld fysike skaaimerken algemien as oerflakkich beskoge wurdt, binne sokke fysike skaaimerken yn 'e regel dochs it earste wat immen ta in oare persoan oanlukt.

Oantreklikens kin fergrutte wurde troch it hawwen fan in beskaat kapsel , it dragen fan beskate soarten klean , juwiellen , kosmetika of rukersguod en it oanbringen fan lichemsfersierings (fan it dragen fan earbellen oant it hawwen fan piercings en tattoeaazjes ). Net selden wurdt ek plastyske sjirurzjy tapast as men untefreden is oer in underdiel fan jins uterlik en derfan oertsjuge is dat men oantrekliker weze sil as dat feroare wurdt. Derby kin men tinke oan it rjocht meitsjen fan in kromme noas , it tebeksetten fan in flapear of it fergrutsjen fan jins boarsten . Oare eleminten dy't oantreklikens (of alteast de persepsje fan oantreklikens) beynfloedzje, binne yndividuele genetyske en psychologyske faktoaren en de kultuer der't men diel fan utmakket.

Hoewol't yn it ferline wol besocht is om objektive kritearia op te stellen om seksuele oantrekking te mjitten, bliuwt it dochs fierhinne ofhinklik fan subjektive faktoaren en dertroch untmjitber. In foarbyld fan sa'n faktor is jins seksuele oriintaasje , mei't heteroseksuele yndividuen har earder en folle mear oanlutsen fiele sille ta persoanen fan it tsjinstelde geslacht , wylst homoseksuele yndividuen har earder en mear oanlutsen fiele sille ta persoan fan har eigen geslacht. Biseksuelen fine persoanen fan beide geslachten yn trochsneed like oantreklik, wylst aseksuelen alhiel gjin seksuele oantrekking fiele, hoewol't se mooglik wol romantyske oantrekking fiele kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .