한국   대만   중국   일본 
Seksuele slavernij - Wikipedy Springe nei ynhald

Seksuele slavernij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Seksslavinne )
De Slavemerk , in skilderij fan Jean-Leon Gerome , fan omtrint 1884 , dat in oriintalistysk idee jout fan hoe't in Easterske (seks)slavemerk der utsjen soe.

Seksuele slavernij is it ta slaaf meitsjen fan unwillige minsken mei as doel om se seksueel te eksploitearjen. Yn syn bekendste foarm yn it Westen, dy fan twongen prostitusje , komt it fuort ut frouljushannel , werby't froulju nei in frjemd lan ta brocht of lokke wurde, der't bliken docht dat se under twang seksuele tsjinsten ferliene moatte oan 'e klanten fan harren baas. Yn Nederlan is dit strafber under it begryp minskehannel , Wetboek fan Strafrjocht kest 273f (oant 2005 kest 250a, dernei oant 2006 kest 273a).

Yn untwikkelingslannen komme lykwols ek noch oare foarmen fan seksuele slavernij foar. Berneprostitusje is yn guon lannen in bekend ferskynsel. In oare foarm fan seksuele slavernij is it twongen houlik . Fierderoan bestiet der seksuele slavernij mei ien inkele eigner/misbruker; dit komt ynsidinteel yn it Westen ek foar as untfieringsslachtoffers (of eigen gesinsleden) lange tiid, soms sels jierrenlang, finzen holden en seksueel misbrukt wurde troch ien dieder. Ek is der rituele seksuele slavernij, mank geand mei beskate religieuze praktiken, lykas trokosi yn Gana , Benyn en Togo . Ta einbeslut kin der by foarmen fan slavernij dy't net primer of seks rjochte binne, yn 'e gong wei ek seksueel misbruk foarkomme. As it yn oarlochssitewaasjes bart, kin seksuele slavernij under de misdieden tsjin de minsklikheid falle.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .