한국   대만   중국   일본 
Seamus Heaney - Wikipedy Springe nei ynhald

Seamus Heaney

Ut Wikipedy
Seamus Heaney
skriuwer
Seamus Heaney (2009)
Seamus Heaney (2009)
persoanlike bysunderheden
echte namme Seamus Justin Heaney
nasjonaliteit Iersk
berne 13 april 1939
berteplak County Derry
stoarn 30 augustus 2013
stjerplak Dublin
wurk
taal Ingelsk
sjenre Poezy
jierren aktyf 1966 ? 2013
Seamus Heaney yn Krakau ( 2004 )

Seamus Justin Heaney (de pleats Mossbawn tusken Castledawson en Toomebridge , County Derry ( Noard-Ierlan ), 13 april 1939 ? Dublin , 30 augustus 2013 ) wie in Noardiersk dichter, toanielskriuwer, fertaler en winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer . Hy wenne yn Dublin .

Hy ferlear syn alden op jonge jierren en waard grutbrocht by syn omke en muoike. Yn 1963 waard er learaar Ingelsk oan St. Joseph's College yn Belfast .

Under Philip Hobsbaum (1932?2005) folge er dere in poezyworkshop, wernei't er ut ein sette mei de skriuwerij. Under it pseudonym Incertus publisearre er wurk yn universiteitstydskriften. Yn 1966 ferskynde syn earste wurk, Death of a Naturalist . Derfoar krige er de E.C. Gregory Award, de Cholmondeley Award (1976), de Somerset Maugham Award (1968) en de Geoffrey Faber Memorial Prize (1968).

Dernei folgen hunderten publikaasjes.

Heaney krige 1995 de Nobelpriis foar de Literatuer .

Publisearre poezij [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Eleven Poems (1965)
  • Death of a Naturalist (1966)
  • Door into the Dark (1969)
  • Wintering Out (1972)
  • Stations (1975)
  • North (1975)
  • Field Work (1979)
  • Selected Poems 1965-1975 (1980)
  • Station Island (1984)
  • The Haw Lantern (1987)
  • Follower (1989)
  • New Selected Poems 1966-1987 (1990)
  • Seeing Things (1991)
  • The Spirit Level (1996)
  • Opened Ground: Poems 1966-1996 (1998)
  • Electric Light (2001)
  • District and Circle (2006)
  • Human Chain (2010)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Seamus Heaney fan Wikimedia Commons .