Sarsy Naasje

Ut Wikipedy
Sarsy Naasje
Ingelsk Tsuu T'ina Nation
   (foarhinne Sarcee Nation )
lanseigen Tsuut?ina
flagge
algemiene ynformaasje
lan Kanada
provinsje Alberta
haadkertier Tsuu T'ina ( Alberta )
etnisiteit Sarsy
ledetal 1.300 (2011)
oprjochting 1877
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Sarsy Naasje Reservaat 145
lokaasje sudlik Alberta
oerflak 283,1 km²
ynwennertal 2.052 (2011)
offisjele webside
www.tsuutinanation.ca
kaart
Sarsy Naasje (Alberta)
Sarsy Naasje
Lokaasje yn Alberta .

De Sarsy Naasje ( Ingelsk : Tsuu T'ina Nation , foarhinne Sarcee Nation ; Sarsy : Tsuut?ina ) is in Yndiaanske stamme - organisaasje yn Kanada , mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Alberta . De Sarsy Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1877 , en hat 1.300 leden. It haadkertier is festige yn Tsuu T'ina , yn it eigen reservaat, dat under de reek fan 'e sted Calgary leit.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De leden fan 'e Sarsy Naasje binne etnyske Sarsy (Ingelsk: Sarcee of Tsuu T'ina ). Hja sprekke fan oarsprong Sarsy , in Atapaskyske taal , en binne besibbe oan u.m. de Tsjippewaien ( Chipewyan ) en de Kutsjin ( Kutchin of Gwich'in ) fan noardlik Kanada en Alaska , en ek oan 'e Navaho ( Navajo ) en de Apachen fan it Sudwesten fan 'e Feriene Steaten , mar net mei de om harren hinne wenjende folken fan 'e Noardlike Flakten . Yn 2011 hie de Sarsy Naasje sa'n 1.300 leden.

De lizzing fan it Sarsy Naasje Reservaat 145 (it ljochtblauwe fjouwerkant) yn ferhalding ta de sted Calgary (ljochtoranje).

Reservaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It reservaat fan 'e Sarsy Naasje is it Sarsy Naasje Reservaat 145 ( Tsuu T'ina Nation 145 Reserve ), dat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta leit, under de reek fan Calgary , oan 'e sudwestrane fan 'e sted . It beslacht in oerflak fan goed 283 km², en yn 2011 wennen der 2.052 minsken.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Sarsy wiene ien fan 'e groepen dy't yn 1877 it Ferdrach Nu. 7 tekenen, ien fan 'e regionale, saneamde Numere Ferdraggen tusken de underskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten . It Ferdrach Nu. 7 besloech sudlik Alberta , en bewurkmastere u.m. de oprjochting fan 'e Sarsy Naasje as formele stamme - organisaasje en de stifting fan it eigen Sarsy-reservaat . Al yn 1910 stiene de Sarsy bekend om harren suksesfolle buorkjen, net inkeld as bouboeren , mar ek as feehalders . Ek hjoed de dei noch binne de measten fan harren yn 'e agraryske sektor wurksum.

Der waard in grutskalige ferwoastging yn it Sarsy-reservaat oanrjochte doe't yn 1930 de keardaam fan 'e Glenmore-opslachmar trochbriek, dat ien fan 'e wichtichste drinkwetterreservoirs fan 'e sted Calgary wie (en noch is). De ynadekwate kompinsaasje dy't de stamme neitiid fan it Kanadeeske regear krige, waard yn 2013 goedmakke doe't de federale oerheid mei K$ 20 miljoen oer de brege kaam. Dat jild waard ferdield yn $5.500 foar elts lid fan 'e stamme, en in restbedrach dat yn 'e mienskipskas ferdwun.

Yn 2007 iepene de Sarsy Naasje in eigen kasino , it Grey Eagle Casino , op in diel fan it reservaat dat krekt buten de stedsgrins fan Calgary leit. De neite fan it reservaat ta de sted hat oanlieding west ta ferskate swierrichheden, lykas resint noch it plan fan it stedsbestjoer om in ringwei oan te lizzen dy't foar in part oer it lan fan 'e Sarsy komme moast om natoergebieten te mijen. Yn 2009 stimde de mearderheid fan 'e Sarsy by in referindum tsjin it foarstel om foar dat doel reservaatlan mei de provinsje Alberta ut te ruiljen tsjin oar lan. Nei nije underhannelings waard in geunstiger oerienkomst sletten, dy't yn oktober 2013 by in nije folksriedplachting troch de stammeleden goedkard waard.

Sarsy- bern yn tradisjonele dracht by de optocht fan 'e Calgary Stampede - rodeo .

Boargemaster Naheed Nenshi oerlei under syn boargemasterskip fan Calgary op geregelde basis mei Roy Whitney , it opperhaad fan 'e Sarsy Naasje. Dertroch waard de underlinge relaasje tusken stamme en sted sterk ferbettere. Yn 2011 waard der in akkoart sletten oer frije tagong fan plysje -, branwacht - en ambulansetsjinsten op inoars grungebiet. En yn 2013 giene de Sarsy-reservaatsplysje en de gemeentlike plysje fan Calgary in gearwurkingsferban oan om mei-inoar de mienskippen en buerten op 'e grins fan sted en reservaat better te befeiligjen, u.m. troch it utwikseljen fan ekspertize en it ferbetterjen fan 'e underlinge kommunikaasje .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .