Sara Paxton
(
Los Angeles
,
25 april
1988
) is in
Amerikaansk
aktrise
,
model
en
sjongster
fan mingd
Iersk
,
Ingelsk
,
Joadsk
en
Skotsk
etnysk
komof. Hja groeide op yn
Kalifornje
en begun al hiel jong mei
aktearjen
. Yn
2004
briek se troch mei de titelrol yn 'e
tillefyzjesearjes
Darcy's Wild Life
. Neitiid spile Paxton u.m. yn
films
as
Aquamarine
,
Sydney White
,
Superhero Movie
,
The Last House on the Left
en
Shark Night
.
Paxton waard yn
1988
berne yn
Los Angeles
, yn it suden fan 'e
Amerikaanske steat
Kalifornje
, as it
ienlingsbern
fan Steve Paxton en dy syn frou Lucia, dy't beide
toskedokters
binne. Har heit is fan mingd
Iersk
,
Ingelsk
en
Skotsk
etnysk
komof, en fia him is Paxton yn 'e fierte besibbe oan 'e
akteur
Bill Paxton
. Har mem is in
Joadinne
dy't berne waard yn it
Meksikaanske
Monterrey
en opgroeide yn
Ciudad Acuna
. Har heit waard
kristlik
grutbrocht, mar bekearde him ta it
joadendom
doe't er mei har mem troude.
Paxton groeide op yn 'e begoedige
Los Anzjelynske
wyk
Woodland Hills
, yn 'e
San Fernando-delling
, der't se de
middelbere skoalle
trochrun oan 'e El Camino Real High School en yn
juny
2006
har diploma behelle. Hoewol't se neitiid ferskate kearen op it punt stie om in studzje te begjinnen, earst oan 'e
Universiteit fan Sudlik Kalifornje
en letter oan 'e
Universiteit fan New York
, kaam der troch har aktearkarriere hieltyd op 'e nij wat tusken, en is it der oant no noch net fan kommen.
Al tige jong sette Paxton utein mei optredens, werby't nei eigen sizzen
aktearjen
en
sjongen
han yn han giene. De klam lei lykwols fan it begjin of oan op it aktearwurk, en it sjongen die se fral yn it ferlingde derfan, benammen yn
musicals
. Har earste
tillefyzjeroltsjes
hie Paxton yn ferskate
reklamespotsjes
. Yn
1996
hie se har earste aktearrol op 'e tillefyzje, as in figurante yn 'e searje
Small Talk
. Har earste filmrol krige se yn
1997
, yn 'e
film
Liar, Liar
, mei
Jim Carrey
.
Yn 'e twadde helte fan 'e
1990
-er jierren en de earste helte fan 'e jierren
2000
hie Paxton in grut tal lytse roltsjes, werunder guon yn tillefyzjesearjes as
NewsRadio
,
Lizzie McGuire
,
CSI: Crime Scene Investigation
,
CSI: Miami
en
Will & Grace
. Op it
wite doek
wie se u.m. te sjen yn
Soldier
(
1998
),
Haunted Lighthouse
(
2003
) en
Sleepover
(
2004
). Fierders wie se ek aktyf as
stimaktrise
, u.o. yn ferskate ofleverings fan 'e
tekenfilmrige
SpongeBob SquarePants
.
Yn 'e
simmer
fan
2004
spile Paxton yn 'e searje
Summerland
de rol fan 'e probleemjongere Sarah Borden, dy't eksperimintearret mei
drugs
en
seks
mei it personaazje fan har tsjinspiler
Jesse McCartney
. Dat optreden levere har letter datselde de titelrol op yn 'e jongereinsearje
Darcy's Wild Life
, dy't har grutte trochbraak betsjutte. Yn dy searje, dy't fan
2004
oant
2006
run, spile Paxton de rol fan Darcy Fields, in famke dat wurket op in plattelanske
bistedokterspraktyk
. De rige waard op lokaasje opnommen op in
pleats
deunby it
Kanadeeske
Toronto
. Yn
2006
waard Paxton foar har rol yn
Darcy's Wild Life
nominearre foar in
Emmy Award
, de wichtichste Amerikaanske
tillefyzjepriis
.
Har earste grutte filmrol hie Paxton yn 'e film
Aquamarine
, dy't yn
2005
yn
Floarida
opnommen waard en yn
2006
yn premiere gie. Deryn spile hja ien fan in trijetal
seemearminnen
, yn 'e mande mei
Emma Roberts
en
JoJo Levesque
. Neitiid spile Paxton in gemiene bestjoerster fan in studinteferiening yn 'e film
Sydney White
(
2007
), mei
Amanda Bynes
yn 'e titelrol, en in famke dat
ferslave
rekket oan
komasupen
yn 'e
tillefyzjefilm
The Party Never Stops: Diary of a Binge Drinker
, dy't opnommen waard op
Vancouvereilan
.
Fierders wie Paxton te sjen yn films as
Superhero Movie
(
2008
),
The Last House on the Left
(
2009
),
The Innkeepers
(
2011
),
Shark Night
(2011),
Cheap Thrills
(
2013
),
Liars All
(2013),
Boys of Abu Ghraib
(
2014
) en
Happily Ever After
(
2015
). Op 'e tillefyzje hie se fierders noch gastrollen yn u.m.
Jonas L.A.
,
How to Get Away with Murder
en
Code Black
. Paxton hie in haadrol yn 'e searje
The Beautiful Life: TBL
, mei
Corbin Bleu
en
Elle Macpherson
, mar dy rige waard yn
2009
al nei twa ofleverings stopset. Fierders hie se ek in haadrol yn 'e tillefyzjemusical
Lovestruck: The Musical
(
2013
).
Yn
2005
tekene Paxton in kontrakt mei de
platemaatskippij
Epic Records
. Dat jiers brocht hja in santal
singles
ut, dy't lykwols net ien fan allegear in hit waarden. Har debut-
cd
,
The Ups and Downs
, is noch altyd net of, en soe neffens de leste berjochten deroer (ut
2007
) "yn 'e takomst" utbrocht wurde. It liket der sterk op dat Paxton dat projekt op 'e lange baan skood hat. Hja omskriuwt har eigen muzykstyl as "
pop
/
rock
". Sunt
2005
hat Paxton noch wol bydroegen oan 'e
soundtracks
fan ferskate films en musicals.
Paxton is in praktisearjende
joadinne
, en wol hawwe dat se oan har
leauwe
de nauwe ban mei har famylje te tankjen hat. Hja hat sein dat hja gjin
bat mitswa
han hat, om't se it op dat punt yn har libben fierstente drok hie mei har aktearwurk, en dat har dat noch altyd spyt.
jier
|
titel
|
2005
|
Here We Go Again
|
Kiss Me Like You Mean It
|
Temporary
|
I Miss U
|
Electrified
|
What Have You Got to Lose?
|
Love Song
|
jier
|
titel
|
soundtrack
|
2005
|
Take a Walk
|
Darcy's Wild Life
|
There for You
|
Don't Wanna Be Alone
(mei
Jesse McCartney
)
|
Summerland
|
2006
|
Connected
|
Aquamarine
|
Can You Feel the Love Tonight
|
Disneymania 4
|
2008
|
I Need a Hero
|
Superhero! Movie
|
Superhero! Song
(mei ferskate oaren)
|
2012
|
Shark Bite Rap
|
Shark Night 3D
|
2013
|
Me, Too (Stripped)
|
Lovestruck: The Musical
|
Like a Virgin
|
How Can I Remember to Forget
|
Me, Too (Main Mix)
|
Everlasting Love
|