Santa Barbara (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Santa Barbara
In útsjoch oer de readpanne dakken fan Santa Barbara dat út nei de see.
In utsjoch oer de readpanne dakken fan Santa Barbara dat ut nei de see.
Emblemen
            
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Santa Barbara County
Sifers
Ynwennertal 90.893 (2012)
Oerflak 108,7 km² (ynkl. wetter)
50,4 km² (allinnich lan)
Befolkingsticht. 1.753 / km²
Stedekloft 220.000 (2010)
Hichte 15 m
Oar
Stifting 1782
Tiidsone UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koordinaten 34°25′33″N 119°42′51″W
Offisjele webside
www.santabarbaraca.gov
Kaart
In útsjoch oer de readpanne dakken fan Santa Barbara dat út nei de see.
De lizzing fan Santa Barbara yn Santa Barbara County en yn 'e steat Kalifornje .

Santa Barbara is in sted oan 'e sudwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje , yn 'e regio Sudlik Kalifornje , der't it ynklamme leit tusken it Santa Ynezbechtme en de Stille Oseaan . It is it haadplak fan it omlizzende Santa Barbara County . De sted priizget himsels oan as "de Amerikaanske Riviera", en is buten Kalifornje fral bekend troch de soapsearje Santa Barbara , dy't jierrenlang (ek yn Nederlan ) op 'e tillefyzje te sjen wie. Neffens in offisjele skatting ut 2012 hie Santa Barbara doe krapoan 91.000 ynwenners (kwa grutte is it dus te ferlykjen mei Ljouwert ). Mei alle foarsteden derby, lykas Isla Vista , Montecito , Mission Canyon , Hope Ranch en Summerland , hat Santa Barbara as stedekloft in ynwennertal fan likernoch 220.000.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It ierste bewiis fan minsklike bewenning yn 'e krite fan Santa Barbara giet 13.000 jier tebek. Doe't de Portegeeske untdekkingsreizger Joao Cabrilho as earste Jeropeaan yn 1542 troch it Kanaal fan Santa Barbara fear, en in koart besyk oan it gebiet brocht, waard dat bewenne troch likernoch 8.000 oant 10.000 Tsjumas - Yndianen , ferdield oer fiif grutte doarpen. Yn 1602 ferneamde de Spanjert Sebastian Vizcaino de kontrei nei de hillige Barbara , om't er op 3 desimber fan dat jier (de hjeldei fan 'e hillige Barbara) der foar de kust in skriklike stoarm oerlibbe hie.

De ( roomske ) Missy fan Santa Barbara, stifte yn 1786 (it gebou sels datearret ut 1812 ).

De earste ekspedysje oer lan, dy fan Gaspar de Portola , kaam yn 1769 by Santa Barbara lans. De earste permaninte Jeropeeske bewenners wiene de roomske misjonarissen en soldaten under lieding fan Felipe de Neve en pater Junipero Serra , dy't yn 1782 de delsetting Santa Barbara stiften troch te begjinnen mei de oanlis fan in Spaanske festing op dat plak, de Presidio fan Santa Barbara . Fjouwer jier letter kaam de Missy fan Santa Barbara of, in tsjerkegebou dat as basis tsjinne foar de kristening fan 'e Yndianen ut 'e fiere omkriten. Yn 'e folgjende desennia stoaren in protte fan 'e Tsjumas oan sykten dy't de Spanjerts meibrocht hiene, lykas de pokken , der't harren lichems gjin ferwar tsjin hiene. Yn 1812 waard Santa Barbara troffen troch in swiere ierdbeving , dy't nei skatting 7,1 op 'e Skaal fan Richter west hawwe moat, folge troch in grutte tsunamy . De Missy en in grut part fan 'e delsetting rekken alhiel ferrinnewearre, en neitiid werbouden de paters harren Missy as it swide gebou dat tsjintwurdich noch altyd bestiet.

Fan 1821 of hearde Santa Barbara mei de rest fan Kalifornje in fearnsiuw ta Meksiko , mar yn 1846 , under de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch , waard it sunder bloedferjitten ynnommen troch de Amerikanen, en twa jier letter kaam it troch it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo , der't de oarloch mei beeinige waard, by de Feriene Steaten te hearren. Tusken 1850 en 1860 ferdubele de befolking fan it stedsje, fan likernoch 1.200 ta 2.150. Stadichoan rekken de Californios , de Meksikaanske befolking fan foar de Amerikaanske anneksaasje, yn Santa Barbara yn 'e minderheid; yn 1870 waard it Spaansk ferfongen troch it Ingelsk as de taal der't de offisjele stikken fan 'e gemeenterie yn opsteld waarden.

Hoewol't de Amerikaanske Boargeroarloch ( 1861 - 1865 ) wat wie dat him fier fuort yn it Easten ofspile en gjin direkte ynfloed op Santa Barbara hie, hie de rampsillige druchte fan 1863 dat wol. It grutste part fan it fee kaam om en de grutte feepleatsen giene hast allegear oer de kop; de grun waard yn lytse stikken ferkocht oan nije kolonisten ut it Easten. Yn dyselde snuorje priizge de skriuwer Charles Nordhoff Santa Barbara oan as in kueroard foar begoedige reizgers ut oare dielen fan it lan. In protte fan 'e lju dy't derop of kamen, hiene it yn 'e sted sa nei't sin dat se har der foargoed nei wenjen setten. Tsjin 1900 hie Santa Barbara in befolking fan hast 6.600 minsken.

In strjitbyld ut Santa Barbara.

Om 'e iuwwiksel hinne waard der oan 'e kust by Santa Barbara ierdoalje untdutsen, en it Summerland-oaljefjild , sa't it kaam te hjitten, wie it earste off-shore-oaljefjild fan 'e wrald dat yn untwikkeling nommen waard. Yn it tiidrek fan 'e stomme film wie yn Santa Barbara fierdersoan wralds grutste filmstudio festige, Flying A Studios . Pas yn 1922 ferfear dy nei Hollywood . Op 29 juny 1925 waard Santa Barbara op 'e nij troffen troch in swiere ierdbeving , dy't de sted fierhinne ferrinnewearre en 13 of mooglik 14 minsken de dea die. Under de Twadde Wraldoarloch waard it Ellwood-oaljefjild , 16 km bewesten Santa Barbara, op 23 febrewaris 1942 besketten troch de Japanske dukboat I-17 . Hoewol't de besjitting der fierhinne by troch gie en mar in bytsje skea oanrjochte, briek der under de befolking fan Santa Barbara grutte panyk ut. In protte lju sloegen op 'e flecht, en grunprizen tommelen nei in histoarysk djiptepunt. Nei de oarloch festigen in protte ald-soldaten, -matroazen en -mariniers dy't yn oarlochstiid yn 'e krite legere west hiene, har yn Santa Barbara, en de befolking fan 'e sted gie tusken 1945 oant 1950 omheech fan 35.000 oant 45.000.

Yn 'e botanyske tun fan Santa Barbara.

Yn 1969 fun foar de kust fan Santa Barbara ien fan 'e formative foarfallen plak ut 'e skiednis fan wraldwide miljeubeweging, doe't by in ungemak op in boarplatfoarm yn it Dos Cuadros-oaljefjild 100.000 fetten oalje (16.000 m³) yn 'e see lekte. Sunt dy tiid hat it stedsbestjoer war dien om "skjinne" yndustry oan te luken, werunder romtefeartbedriuwen as Raytheon en Delco Electronics . Oare rampen dy't Santa Barbara troch de jierren hinne troffen hawwe, binne boskbrannen . Yn 1964 giene dertroch 106 wenten ferlern; yn 1977 200; yn 1990 500 yn in pear oeren tiid; yn 2008 210; en yn 2009 160.

Santa Barbara hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De basis foar de ekonomy fan Santa Barbara wurdt foarme troch de tsjinstesektor (ynkl. underwiis en oerheid), en yndustry op it med fan romtefeart - en definsjetechnology . Fan 'e ranglist fan 'e tsien grutste wurkjouwers fan 'e sted wurde de earste fiif plakken (en trije fan 'e twadde fiif) ynnommen troch underwiisynstellings, oerheidstsjinsten en sikehuzen. De grutste wurkjouwer is de Universiteit fan Kalifornje, Santa Barbara (UCSB), mei 6.200 arbeidsplakken. Dat is dan ek mei-iens de wichtichste ynstelling foar heger underwiis fan 'e sted; de oare grutte universiteit is it Santa Barbara City College (mei 2.000 banen de op trije nei grutste wurkjouwer).

Santa Barbara priizget himsels oan as in toeristyske bestimming foar it hiele jier, mei moai waar , skildereftige strannen en ferskate musea fan namme, lykas it Santa Barbara Museum of Art en it Santa Barbara Historical Museum . Ein jannewaris fynt der fierders it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara plak. Jiers wurdt de pleatslike ekonomy goed $1 miljard wizer fan it toerisme, en derfan komt $80 miljoen yn 'e foarm fan belesting te'n goede oan 'e gemeentlike skatkiste.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Santa Barbara 14,2% alder as 65 jier en 18,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,9% fan 'e hushaldings ut ien persoan . Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 37,1% blanken ; 38,0% Latino's ; 3,5% Aziaten ; 1,6% swarten ; 1,0% Yndianen ; 18,8% oaren of fan mingd etnysk komof.

De Universiteit fan Kalifornje, Santa Barbara .

Berne yn Santa Barbara [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stoarn yn Santa Barbara [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Santa Barbara hat in Mediterraansk klimaat , mei druge waarme simmers en wiete mylde winters . Yn augustus , de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 24,4 °C, en yn jannewaris en desimber , de kaldste moannen, is dat 18,2 °C. De sted kriget jiers trochinoar 472,2 mm delslach , al kin dat fan jier ta jier witwat ferskille. Yn utsunderlik wiete jierren, lykas 1940 - 1941 of 1997 - 1998 , is der wolris mear as 1.000 mm rein fallen, wylst der yn snuorjes fan druchte soms mar 150 mm yn in jier falt. Hoewol't der boppe-yn it Santa Ynezberchtme soms snie falt, is dat yn Santa Barbara noch nea foarkommen, utsein in pear ferdwaalde flokjes yn 1939 .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .