한국   대만   중국   일본 
Sandalefilm - Wikipedy Springe nei ynhald

Sandalefilm

Ut Wikipedy
Ercole l'invincibile , yn Amearika bekend as The Sons of Hercules , is in typysk Italjaanske sandalefilm

De sandalefilm of swurd-en-sandalefilm is in sjenre fan films der’t it ferhaal him ofspilet yn de klassike aldheid . Faak giet it om aventoerefilms dy’t situearre binne yn it alde Grikelan of it alde Rome . Net selden wurde histoaryske feiten mei eleminten ut de Grykske mytology mjukse.

Untjouwing fan it sjenre [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De klassike aldheid waard al yn de begjindagen fan de sinema brukt as dekor foar films. In foarbyld derfan is D.W. Griffiths Intolerance ut 1916.

It sjenre kaam yn de fleur yn de fyftiger jierren, mei grutte produksjes as The Ten Commandments (1956) en Ben-Hur (1959). Dy produksjes hiene in soad sukses yn Amearika en Jeropa .

Dernei folge yn de sechstiger jierren in hausse oan goedkeaper makke sandalefilms, benammen ut Itaalje (lykas de spagettywestern de Amerikaanske western opfolge). Under dizze titels sieten under oare Ercole l'invincibile , Devil of the Desert Against the Son of Hercules en Maciste contro il vampiro . De makkers fan dy produksjes neamen it net sa krekt mei de histoaryske realiteit.

Yn de jierren 2000 wie in nije weach fan sandalefilms te merkbiten, mei produksjes as Gladiator , Troy en 300 .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .