한국   대만   중국   일본 
Sumearje - Wikipedy Springe nei ynhald

Sumearje

Ut Wikipedy
Sûmearje op de oersichtskaart fan Mesopotaamje.
Sumearje op de oersichtskaart fan Mesopotaamje .

Sumearje (ek Sumearje of Shumer , Egyptysk Sangar , Bibels Shinar ) is de namme foar in alde ryk, kultuer, omkriten en antike beskaving dat yn it sudlike part fan Mesopotaamje lei (tsjintwurdich it sudeasten fan Irak ), wer't de rivieren Eufraat en Tigris yn de Perzyske Golf utmunje. De Sumearjers neamden it lan sels ki-en-gir (it lan fan de beskaafde hearskers). Tegearre mei de noardlike streek Akkad makke it diel ut fan it Twastreamelan. Sumearje wurdt wol beskoge as de ierste beskaving fan de wrald.

De Sumearyske beskaving bestie ut in samling fan stedsteaten . Alle stedsteaten hienen har eigen foarst. Om-ende-by 3.500 f.Kr. waard de lieder fan de machtichste stedsteat kening fan de Sumearje.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De skiednis fan Sumearje wurdt yn fiif tiidrekken opdield:

  • de Oeruk - perioade, ± 4000-3000 f.Kr. Yn dizze perioade festigen de Sumearjers har yn it lan. Doarpen woeksen ut ta steden en fan alle steden waard Uruk de wichtichste troch har Inannatimpel .
  • de Jemdet Nasr -perioade, ± 3100-2900 f.Kr. Yn dizze perioade feroaren de sintra fan steden yn hillichdommen, de befolking nimt yn oantal ta en de yrrigaasje wurdt yntrodusearre wertroch de opbringsten fan de it lan tanimme.
  • it Ier-Dynastike Tiidrek,
  • de Akkadyske Tiid
  • en de Oer III-perioade

De skiednis fan Sumearje beslaat in tiidrek fan 3800 oant 2000 f.Kr. Nei de Sumearjers wurdt it gebiet dominearre troch de Babyloanjers .

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It gebiet fan Sumearje waard foar it earst befolke (foar 4000 f.Kr.) troch in folk dat de archeologen de Ubaidjers of Obeidjers neame, nei it doarp al-Ubaid werfan't resten fun binne. Dat folk lei sompen druch en soarge foar yrrigaasje, sadat lanbou mooglik waard. Ek hannelen se al en waarden potten bakt en learloaid.

De Sumearjers lutsen likernoch run 3500 f.Kr. it gebiet yn. Harren foarskiednis is net dudlik. Guon tinke dat se ut Anatoalje komme, mar se kinne likegoed ut de Yndusfallei wei kaam weze en troch Iran yn it gebiet komd weze.

Sy sprutsen Sumearysk , in aggluynearjende taal. Der binne oanwizingen dat der foarhinne in oare taal sprutsen waard dy’t proto- Eufratysk neamd wurdt. Der is net folle mear oer fan dy taal . In tal plaknammen en lienwurden hawwe de Sumearjers oernaam en net mear. Opfallend is wol dat de lienwurden faak net mear as ien lettergreep hawwe. It Sumearysk hinget bot nei it nonsyllanisme oer, krekt as it moderne Sineesk .

Streamopwerts yn Akkad spruts de befolking in Symityske taal . Fan 5000 f.Kr. of moat der al sprake west ha fan in organisearre maatskippij.

Kultuer en polityk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Skrift en keunst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Om 3500-3000 f.Kr. untstie de aldste foarm fan it “skrift”. Ut in piktografysk skrift untwikkele him letter it spikerskrift . Yn de archeologyske laach 4 fan Uruk waarden klaaitabletten fun mei in skrift dat in untwikkeling nei it spikerskrift toant. It spikerskrift bleau yn gebruk oant de hellenistyske perioade en waard dernei yn Mesopotaamje stadichoan ferfong troch it ienfaldiger Arameenske skrift.

Der binne fragminten fan talrike eksimplaren fan it Gilgamesjepos fun. Sawol yn it Sumearysk as yn it Akkadysk . Sadwaande wie it mooglik it hiele ferhaal te rekonstruearjen. It leste spikerskrifttablet datearret ut 74 n.Kr.

De Sumearjers wienen goeie smitten dy’t under mear dolken en helmen yn goud makken. Somtiden waarden gouden foarwerpen ynlein mei Lapis Lazuli .

Wetjouwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Sumearjers wiene de earsten dy’t in “wetten” opstelden en harren organisearren yn stedsteaten .

Politike struktuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Polityk bestie it lan ut stedsteaten dy’t om de hegemony striden. Dizze situaasje is goed fergelykber mei de it lettere Grikelan . De steden hienen in folksried, meastal besteande ut twa keamers. Der wie in ried fan alderen en in ried fan manlju. Der wie in kening dy’t yn de underlinge striid tusken de steden mear macht krije koe.

Eltse sted hie syn eigen hillichdom en de kultus fan de lokale god of goadinne naam in sintraal plak yn it libben yn. De Sumearjers tochten dat de minsken troch de goaden makke wienen en om dizze goaden te tsjinjen en te fermeitsjen. Wat der allegear barde yn de polityk waard sjoen as de grillen fan de goaden.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It tsjil en it pottebakkerstsjil binne utfinings fan de Sumearjers. Hielendal wis is dat net. De Sumearjers wienen begien mei it mjitten fan dingen. Sy mjitten de stan fan de planeet Fenus mei in rjochthoekich raam. Se koenen de tiid yndiele yn sekondes troch pendules en wetterklokken .