한국   대만   중국   일본 
Sud-Limburch - Wikipedy Springe nei ynhald

Sud-Limburch

Ut Wikipedy
Sud-Limburch.

Sud-Limburch is in lanstreek dy't it uterste sudlike part fan 'e Nederlanske provinsje Limburch beslacht. Yn 'e Midsiuwen foarme dat gebiet grutdiels de hearlikheid Falkenburch ; letter makke it underdiel ut fan 'e Generaliteitslannen fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen ; fan 1794 oant 1813 stie under Fransk bewald as part fan it Departemint fan de Nedermaas ; en sunt 1813 heart it ta de provinsje Limburch, dy't yn 1839 opdield waard yn in Nederlansk en in Belgysk part. Troch it utstekken fan in diel fan Belgyske Limburch en fral ek fan it Dutske gebiet benoarden Aken , wurdt Sud-Limburch mar troch in hiele smelle lankorridor mei de rest fan Nederlan ferbun.

Sud-Limburch bestiet ut 18 underskate gemeenten:

De grutste sted yn Sud-Limburch is de provinsjale haadsted Maastricht , mei 121.000 ynwenners, folge troch Hearlen mei 89.000; Tsjerkrie mei 47.000; Sittard mei 38.000; Geleen mei 32.000; en Stein mei 26.000. Sud-Limburch stiet bekend om syn gloaiende heuvellanskip , der't foarhinne de Nederlanske koaleminen festige wiene. It heechste punt fan (Jeropeesk) Nederlan, de Faalserberch , mei in hichte fan 322½ m, leit yn it gebiet (al is it heechste punt fan hiel Nederlan no de Mount Scenery , op Saba , mei in hichte fan 887 m).

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .