Rybinsk

Ut Wikipedy
Rybinsk
De Wolga mei de Transfiguraasjekatedraal (lofts) en notbeurs (rjochts)
Flagge Wapen
Polityk
Lan Ruslan
Oblast Jaroslavl
Sifers
Ynwennertal 188.678 (2018)
Oerflak 101,42 km²
Befolkingstichtens 1860.36 / km²
Hichte 100 m
Oar
Stifting 1071
Simmertiid (UTC+3)
Webside Side Rybinsk

Rybinsk ( Russysk : Ры?бинск; tr. Rybinsk ) is de op ien nei grutste sted fan it oblast Jaroslavl yn it Sintraal Federale Distrikt fan de Russyske Federaasje . De sted leit oan it opslachmar mei deselde namme as de sted en it plak der't de Sjeksna -rivier yn de Wolga rint. Rybinsk hie yn 2018 goed 188.600 ynwenners.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rybinsk leit 270 kilometer noardlik fan Moskou en 80 kilometer noardwestlik fan Jaroslavl . De sted leit op de grins fan de taiga en de seam fan mingd wald .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste delsetting yn it stedsgebiet folge oan de muning fan de Sjeksna yn de Wolga. Dat wie op syn lest yn de earste helte fan de 11e iuw. De delsetting Ust-Sjeksna (Russysk: Усть-Шексна?, yn it Frysk "muning fan de Sjeksna") wie in regionaal sintrum foar hannel en ambachten. Yn de tiid fan de ynfallen fan de Mongoalen waard de delsetting ferneatige. In nije delsetting folge oan de rjochter kant fan de Wolga under de nije namme Rybnaja sloboda (Russysk: Ры?бная слобода?, yn it Frysk "Fiskdelsetting"). Yn in oarkonde fan grutfoarst Ivan III Vassiljevitsj waard dat plak neamd. De bewenners leveren steur, salm en sterlet oan it hof.

It untstean fan in sted [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch it beslut fan Peter de Grutte om in ferbining foar boaten fan Sint-Petersburch mei de Wolga te meitsjen, waard it plak in omslachhaven foar guod ut it suden fan skippen dy't net djip leine. Midden yn de 18e iuw hie it plak him al ta ien fan de grutste binnenhavens fan Ruslan untwikkele. Dat wie foar Katarina de Grutte de oanlieding om yn 17777 in ukaze ut te feardigjen en it plak de namme Rybinsk (Russysk: Ры?бинск, Fisksted ) te jaan. Yn in tiid dat de sted noch mar 7.000 ynwenners hie, wurken der wol oant 170.000 minsken oan skipfolk yn de haven, der't somtiden wol oant 2.000 skippen leine.

19e iuw [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Haven fan Rybinsk yn de 19e iuw

Fan 1838 oant 1851 waard it belangrykste monumint fan de sted boud, de Transfiguraasjekatedraal. It untwerp foar de katedraal wie makke troch Avraam Melkinov en wie oarspronklik ornearre foar de Izaak-katedraal yn Sint-Petersburch . Nei't Melkinov de wedstriid foar it beste untwerp foar de noch te bouwen katedraal yn Sint-Petersburch ferlear, ferkocht hy syn untwerp oan de sted Rybinsk.

Dat Rybinsk in wichtige sted foar de nothannel wie die bliken ut de iepening fan de tredde notbeurs fan Ruslan yn 1842. Oan it begjin fan de 20e iuw wie dy beurs noch altiten ien fan de grutste fan it Ryk. De untwikkeling fan staaljitterijen, skipsbou, tou- en stienfabriken en de bou fan fabriken foar de bou fan spoarmaterjeel markearre tsjin it ein fan de 19e iuw de yndustrialisaasje fan de sted.

Sovjet-tiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

19e-iuwsk ofbyld fan it Juskaja Dorofeeva-kleaster tichteby Rybinsk, dat ferdwun under it wetter fan it opslachmar fan Rybinsk

Tusken 1941 en 1947 waard it Rybinsk-opslachmar oanlein, mei (4.580 km²) it op ien nei grutste opslachmar fan Europa. It opslachmar liet in grutte flakte oan de Sjeksna en Mologa ferdwine en mei in soad doarpen en de sted Mologa. De befolking waard benammen yn Rybinsk op 'e nij husfeste. Noch foar de ynfal fan de nazy 's yn de Sovjet-Uny wie it measte wurk dien en yn 1941 begun it opslachmar fol te rinnen mei wetter. De earste turbine fan de wetterkrefsintrale wurke fanof 18 novimber 1941 en de twadde op 15 jannewaris 1942. Yn dat leste jier koe der elektrisiteit oan de haadsted Moskou levere wurde. De levering fun plak mei undergrunske kabels, sadat de strategyske foarsjennings fan Moskou yn de Twadde Wraldkriich nea sunder elektrisiteit sieten.

In Dutske besetting fan de sted hat der net west, mar de sted hie wol te lijen fan bombardeminten. Begjin juny 1942 fleach ien Dutsk fleantuch sunder op te fallen 450 kilometer oer it front om sunder wjerstan de Rybinsker motoarenfabryk foar fleantugen te bombardearjen. Yn dy tiid waarden strategyske foarsjennings lykas de motoarenfabryk foar fleantugen en it Rybinsker loftfeartynstitut oerbrocht nei it feiliger Ufa . In soad ynwenners waarden mei evakuearre en bleaune der ek neitiid wenjen. Letter fun de produksje fan fleantuchmotoaren wer op 'e nij yn Rybinsk plak.

Nei de oarloch bleau de sted groeien mei de oanlis fan nije wiken en tsjin it ein fan de jierren 1980 hie de sted al mear as 250.000 ynwenners.

Nei 1990 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ekonomyske herfoarmings yn de jierren 1990 hiene op de untwikkelings yn Rybinsk in negative utwurking. In soad bedriuwen krigen minder earmslach en guon gyngen fallyt, de wenningbou stie stil en op kultuer waard besunige. Dat liede ta in delgong fan it ynwennertal fan Rybinsk.

Namme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de Sovjet-jierren wiksele Rybinsk feskate kearen fan namme: yn 1946 waard it Sjtsjerbakov (nei Aleksandr Sjtsjerbakov ), yn 1957 waard it wer Rybinsk, yn 1984 Andropov (nei Joeri Andropov ) en yn 1989 wer Rybinsk.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Demografyske untwikkeling fan Rybinsk fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 25.290 141.905 181.685 218.282 238.579 251.442 222.653 200.771 188.678

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Njonken de wetterkrefsintrale en de haven dy't de Wolga mei de Eastsee ferbynt, wurdt de ekonomy fan de sted understipe troch skipsbou, mechanysk yndustry en hout- en kabelyndustry. Alinne de motoarenfabrikant Saturn hie yn 2013 al mear 11.000 wurknimmers.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Ры?бинск