Rupert Leo Scott Bruce-Mitford
(
Streatham
(
Londen
),
14 juny
1914
-
3 oktober
Oxford
,
1994
) wie in
Britsk
archeolooch
dy't bekend waard fan syn undersyk nei, en publikaasjes oer, it
skipsgref
fan
Sutton Hoo
.
[1]
Bruce-Mitford wurke fan 1938 of oan foar it
Britsk Museum
, Londen, by it
Department of British and Mediaeval Antiquities
, en doe't de skat fan Sutton Hoo oan de steat kaam yn
1942
, krige hy de lieding oer it undersyk fan de fynsten. Der hat er sa'n 40 jier mei dwaande west wylst er ferbun wie oan it Britsk Museum. Hy waard ek foarsitter fan de
Society of Antiquaries of London
.
Utsein in peroade yn de
Twadde Wraldoarloch
doe't er militer wie, hat er sunder underbrekking by it Britsk Museum wurke oant
1977
, as konservator (twa kear) en undersiker.
Hy makke teffens in Ingelske oersetting fan in boek fan de Deenske archeolooch
P.V. Glob
,
The Bog People
(1965).
Bruce-Mitfort boaske trijeris en krige trije bern by syn earste wiif Kathleen Dent.
- 2005:
The Corpus of Late Celtic Hanging-Bowls
(postum; red. Sheila Raven)
- 1975:
The Sutton Hoo Ship Burial
(mei A. C. Evans)
- The Bog People: Iron Age man preserved
- 1997:
Mawgan Porth; a settlement of the Late Saxon Period on the north Cornish coast: excavations 1949-52, 1954 and 1974
Londen: English Heritage
ISBN 1-85074-613-3
(postum)
- Aspects of Anglo-Saxon Archaeology: Sutton Hoo and other discoveries
ISBN 0-575-01704-X