한국   대만   중국   일본 
Rolstoel - Wikipedy Springe nei ynhald

Rolstoel

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde utnuge om der in begjin mei te meitsjen


In rolstoel foar deistich gebruk
In rolstoel foar ynsidinteel gebruk
In rolstoel foar tydlik gebruk

In rolstoel is in helpmiddel foar it ferfier fan minsken dy't min of net rinne kinne.

Oer rolstuollen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In rolstoel is in stoel mei tsjillen , en ofhinklik fan it model:

  • beweget de persoan dy't yn de rolstoel sit himsels foarut mei de hannen ;
  • wurdt de persoan yn de rolstoel treaun troch in oar persoan;
  • befettet de rolstoel in elektromotor der't de rolstoel mei oandreaun wurdt.

Der is in soad ferskaat yn rolstuollen. Hokker rolstoel geskikt is, hinget of fan allegear faktoaren. Foaral fan wat de persoan allegear kin en mei de rolstoel dwaan wol. Foar minsken dy't net rinne kinne, is in rolstoel faak de ienichste ferfanging fan de fuotten .

Yn rin fan de jierren is der troch de tapassing fan moderne konstruksjes en lichte materialen lykas karbon en titanium, in breed assortimint foar eltse tapassing leverber. Ek de bestjoering fan elektrysk oandreaune rolstuollen kin op ferskate manieren.

Ek de rollator , skootmobyl en hanfyts wurde faak diels as rolstoel beskoge, mar se binne dat beslist net. Foar in skootmobyl en in hanfyts jilde der hiele oare regels as foar rolstuollen.

Triuwrolstoel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In Triuwrolstoel sa as yn gebruk op in ynternasjonaal fleanfjild

In triuwrolstoel is in rolstoel dy't net troch de persoan dy't yn de rolstoel sit, sels op gong brocht wurde kin. Sa'n rolstoel is bedoeld om minsken mei slimme, faak mearfaldige beheiningen, te ferpleatsen. Ek wurde triuwrolstuollen faak brukt yn sikehuzen en op fleanfjilden om minsken dy't net fier rinne kinne te ferfieren. De rolstoel wurdt op gong brocht troch te triuwen tsjin twa hanfetten dy't befestige binne oan de efterkant fan de rolstoel. In triuwrolstoel is te werkennen oan fjouwer lytse tsjillen. Somtiden liket in triuwrolstoel op in hanbewege rolstoel, mar is it net. Men kin him werkenne oan in kantelferstelling en fier nei efteren pleatste tsjillen. Dy triuwrolstoullen wurde faak brukt troch persoanen dy't net aktyf sels de rolstoel op gong bringe kinne. In triuwrolstoel is faak utrist mei yndividuele oanpassingen foar de persoan dy't yn de rolstoel sit.

Hanbewege rolstoel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In hanbewege rolstoel is in rolstoel dy't troch de persoan dy't yn de rolstoel sit sels op gong brocht wurde kin. Dy rolstoel soarget derfoar dat immen himsels selsstannich ferpleatse kin. De rolstoel wurdt op gong brocht troch mei de hannen mei behelp fan hoepels dy't oan de tsjillen sitte te bewegen. Der binne ferskate types hanbewege rolstuollen.

Frame [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It frame fan in moderne hanbewege rolstoel bestiet ut ien stik of is opfouber en makke fan in metaallegearing of komposytmaterialen, lykas: titanium , aluminium , karbon en kromolybdeen . In rolstoel mei in optearber frame wurd faak as maklik mei te nimmen sjoen mar oan in optearber frame sitte ek in soad losse underdielen en nimt dertroch in soad romte yn, en is minder stabyl as in fest frame dat bestiet ut ien stik. In rolstoel mei in optearber frame is derom ek net sa geskikt foar yntinsyf gebruk. De meast brukte opfousysteem is dy mei in fertikale x ek wol X-brace neamd. foar dit optearsysteem waard yn 1933 patint oanfrege troch de Amerikaanske fabrikanten Everest and Jennings. Moderne optearbere rolstuollen ha tsjintwurdich ek wol in optearsysteem mei in horizontale x en der binne rolstuollen wer't de rechleuning foaroer klapt wurde kin en de fuottesteun efteroer. By festframe rolstuollen komme meardere soarten frames foar. De Boks frame, de heal boks frame, de minimaal frame en de trijetsjil T frame. Dat leste frame soart wurdt foaral brukt by rolstuollen foar tennis en wheelen mar en ek wol by berne rolstuollen. De minimal frame waard yn 1985 foar it earst tapast troch de Switserske atleet en rolstoelfabrikant Rainer Kuschall .

Jasbeskermers en earmleuningen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jasbeskermers soargje der foar dat de klean skjin bliuwe en dat de klean net yn de tsjillen komme kinne. Jasbeskermers wurde faak makke fan keunststof , karbon as aluminium. Earmleunings soargje der lykas jasbeskermers ek foar dat de klean fan de persoan dy't yn de rolstoel sit skjin bliuwe en net yn de tsjillen komme kinne mar earmleunings soargje dernest foar ekstra understeuning fan de persoan yn de rolstoel en soargje der foar dat persoanen makliker stean gean kinne fan ut de rolstoel. Earmleuningen wurde dan faak ek brukt op rolstuollen foar ynsidinteel en tydlik gebruk.

Fuotplaten en fuotsteunen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De fuotten fan in persoan yn in rolstoel steune op in fuotplaat as op fuotsteunen. In fuotplaat sit faak oan it frame fest en wurdt meastentiid brukt op in rolstoel mei in fest frame. Mar je ha ek fuotplaten dy't opfouber binne dy't likje op fuotplaat dy't likje op dy't fest oan it frame sitte. Fuotsteunen sitte faak los fan it frame en wurde oan it frame festset mei in pen yn gat ferbining. Dizze fuotsteunen ha in soad ynstelmooglikheden en kinne opklapt en fuortklapt wurde sadat de persoan dy't yn de rolstoel sit makliker opstean kin ut de rolstoel wei. Fuotsteunnen wurde dan ek faak brukt op rolstuollen foar ynsidinteel en tydlik gebruk. Fuotplaten en fuotsteunen wurde meastentiids makke fan keunststof mar ek wol fan karbon. By rolstuollen mei in feste fuotplaat is de fuotplaat faak fuortdaliks under de knibbels as der efter montearre, dit soarget foar in aktive sithalding. [1] Fuotsteunen binne faak troch de beweachberens fan de steunen foar de knibbels pleatst sadat se maklik fuortklapt wurde kinne en de ynstelberens behalden wurdt, mar it behindert al in aktive sithalding en dertroch moat de rechleuning wat heger weze as by de feste fuotplaten.

Rechleuning en sitkessen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De rolstoel is meastentiids utreste mei in stoffen rechleuning mar ek keunstof en karbon rechleunings beklaaid mei stof komme foar, in rechleuning is foaral bedoeld om te soargjen foar foldwaande steun yn de underrech. Is in rechleuning te heech dan belemmert dat de beweechberens fan de persoan dy't yn de rolstoel sit mar soarget der ek foar dat de bekken efteroer kantelt mei in bolle rech en in soad wurgens ta gefolch. It sitkessen moat der foar soargje dat de persoan yn de rolstoel foldwaande understeund wurd, soarget foar komfort, en dat der gjin trochlisferwunings untsteane. Komfort hald net allinne nofflik sitte yn mar ek dat it kessen maklik yn gebruk, en maklik skjin te meitsjen is. En trillingen fan it (buten) riden opfangt. It sitkessen moat ek soargje foar underteuning , dit om te foarkommen dat de persoan yn de rolstoel by eltse beweging dy't hy of sy makket bygelyks by it oppakken fan in pinne dy't op 'e grun fallen is al ut de rolstoel falt. Derom moat in sitkessen soargje foar foldwaande understeuning nei foaren en nei siden ta, wertroch it bekken in fest punt wurde yn it kessen. Om trochlisferwunings te foarkommen moat it kessen nest boppesteande saken ek soarge foar yn goede drukferdieling om pieken yn de druk te foarkommen. Der binne in ferskaat oan fullingen foar sitkessens, der binne kessens dy't folt binne mei skum, mei loft, as mei gel en der binne kessens mei in kombinaasje fan dizze fullingen.

Tsjillen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hast wol it meast opfallende underdiel fan in rolstoel. De eftertsjillen binne faak fjouwerentweintich inch tsjillen mar der binne ek rolstuollen mei gruttere as lytsere eftertsjillen dat hinget in bytsje of fan de lingte fan de persoan dy't yn de rolstoel sit. De as fan de eftertsjillen sit meastentiids under bekken fan de persoan dy't yn de rolstoel sit pleatst, by rolstuollen foar ynsidinteel gebruk en tydlik gebruk sitte se ek faak under de rechleuning pleatst. Der is in soad ferskaat yn eftertsjillen sa ha je tsjillen mei trije speaken fan karbon, tsjillen mei tolve, achtjin as fjouwerentweintich speaken fan karbon, trijespeak tsjillen mei beweechberre underdielen der yn saneamde spinners en tsjillen mei speaken dy't yn elkoar om flechte binne de saneamde twisters mar ek tsjillen mei gewoane speaken wurde noch in soad brukt. By tsjillen mei gewoane speaken wurde faak speakbeskermers brukt, dit foar de feiligens fan de fingers fan de persoan dy't yn de rolstoel sit as fan in nijsgjirrich lyts berntsje dat de tsjillen fan tichby besjocht, foar de feiligens by it sporten en foar de sier. Dizze speakbeskermers wurde makke fan keunststof mar foar kwad rugby wurde de speakbeskermers makke fan aluminium. Om de tsjillen sitte bannen en dizze moatte foar de komfoar en in lichte rolwjerstan soargje rolstuollen wurde derom faak fersjoen fan hegedrukbannen. bannen moatte goed op druk halden wurde om lichaamlike skea te foarkommen. De foartsjillen binne faak fjouwer as fiif inch grut. Trochdat se lyts binne hawwe se in grutte rolwjerstan. rolstuollen foar ynsidinteel gebruk ha faak gruttere foartsjillen. Ofhinklike fan it frame hat in rolstoel twa as ien foartsjil.

Remmen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne ruchwei twa soarten remmen de standaard fertikale remmen en de skjirre remmen dat binne horizontale remmen. In Rem bestiet ut twa dielen de remhendel en it remstik. De remmen wurde fan slytfest materiaal makke. En moatte sa op de rolstoel montearre weze dat as de rolstoel op de rem stiet de eftertsjillen net nei efteren drukt wurde. Fierder kinne de remmen utfierd wurde mei yndividuele oanpassingen foar de persoan dy't yn de rolstoel sit.

Typen hanbewege rolstuollen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne trije typen hanbewege rolstuollen, der binne rolstuollen foar deistich, foar ynsidinteel, en foar tydlik gebruk, hjirunder folget in utlis oer de ferskillen yn dizze typen.

Deistich gebruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rolstuollen foar deistich gebruk wurde yntinsyf brukt fan it momint of fan bed kommen oant it momint fan wer op bed gean. Dy rolstuollen ha mei yndividuele oanpassings foar de persoan dy't yn de rolstoel sit. In rolstoel foar deistich gebruk ha faak in fest frame mar ek ynklapbere ferzjes komme foar. In rolstoel foar deistich gebruk mei net mear as tsien kilogram weagje. Dy rolstuollen binne bedoeld foar persoanen dy't net rinne kinne, en wurde faak ek brukt troch persoanen fan wa't it bynweefsel ungewoan rekber is.

Ynsidinteel gebruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In rolstoel foar ynsidinteel gebruk is bedoeld foar it gebruk butenshus om bygelyks boadskippen dwaan te kinnen, as nei in attraksjepark te gean. Dy rolstuollen binne foar persoanen dy't net fierder rinne kinne as hundert meter. De rolstoel is almeast opfouber en hat faak yndividuele oanpassingen. In rolstoel foar ynsidinteel gebruk waget ungefear alve oant fyftsjin kilogram. Deistich yntinsyf gebruk fan dizze rolstoel kin slimme lichaamlike skea ta gefolch ha.

Tydlik gebruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rolstuollen foar tydlik gebruk binne bedoeld foar minsken mei tydlike beheinings oan de fuotten sa as in brutsen skonk . Dy rolstoel is faak in standertutfiering en faak noch makke fan stiel. En is bedoeld foar ferfier fan bed nei it huske en fan bed nei it sikehus ensafuorthinne. Dy rolstuollen ha gjin yndividuele oanpassingen en weagje sawat tusken de fyftjin en de tweintich kilogram. Dy rolstuollen meie net langer as inkele wiken efterinoar wurde brukt om slimme lichaamlike skea te foarkommen.

Elektryske rolstoel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In elektryske rolstoel foar binnen en butengebruk.

In elektryske rolstoel wurdt op gong brocht mei behelp fan in elektromotor . De rolstoel kin bestjoerd wurde mei behelp fan in joystick, mar ek mei toetsen of sels mei it bewegen fan de holle. Op in joystick binne ek meardere fariaasjes mooglik. Der binne ferskeidene types elektryske rolstuollen.

Akkus [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It wichtichste underdiel fan in elektryske rolstoel is de akku . De akku moat net allinne de motor op gong bringe, mar moat alle funksjes fan in elektryske rolstoel fan stroom foarsjen. Der binne twa types akku, de wiete akku en de gelakku. De akku makket stroom troch in gemyske reaksje tusken lead en swavelsoer . De wiete akku is licht yn gewicht, mar freget in soad underhald . Se moatte regelmjittich byfolle wurde mei distillearre wetter. Ek mei dizze akku net mei yn fleantuch flein wurde.
De gelakku is makliker yn underhald en trochdat der gjin wetter oan tafoege wurde hoecht, kinne se net lekke. Derom mei der mei sokke akku's wol flein wurde. [2]

Motor [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In hanbewege bernerolstoel (it anty-kiptsjiltsje is ynklapt op dizze ofbylding en de triuwhanfetten untbrekke)

De elektromotor fan de rolstoel wurdt yn beweging setten troch de akku fan de rolstoel. Wat foar motor der nedich is hinget of fan wer't de rolstoel foar brukt wurd. Wurd de rolstoel foaral binnenshus brukt, wurd der binnen en buten brukt, wurdt de rolstoel foar sport brukt as wurdt de rolstoel brukt foar ruch terein, In rolstoel dy't foar ruch terein brukt wurdt hat mear fermogen nedich as in rolstoel dy't allinne mar buten brukt wurdt. [3] [4]

Betsjinning [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De betsjinning fan in elektryske rolstoel bart meastentiids mei in joystick en in betsjinningspaniel. Mei dy joystick kin net allinne it riden en de faasje fan de rolstoel regele wurde mar ek de betsjinning fan de heech/leech fersteling fan de rolstoel, de kantelferstelling fan de rechleuning, de fuottensteunen en de ferljochting fan de rolstoel. Ek kin der mei de betsjinning oare saken betsjinne wurde bygelyks it lud fan in radio as it iepen en ticht dwaan fan in doar. As de persoan yn de rolstoel net yn steat is om in joystick te betsjinjen dan is der in mooglikheid om in rolstoel te betsjinjen mei de holle yn kombinaasje mei de fuotten. Dit is faak in oplossing foar minsken dy't slim spastysk binne. [5]

Oandriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ek by de elektryske rolstoel binne de tsjillen in wichtich underdiel, ommers sunder tsjillen kin in rolstoel net ride. De tsjillen fan de elektryske rolstoel soargje foar de oandriuwing. Der binne trije farianten mooglik, foartsjil-oandriuwing, middenstjil-oantriuwing en eftertsjil-oandriuwing.

Foartsjiloandriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De foartsjiloandriuwing hat as foardiel dat se hiel maklik draaie kinne en komt sunder al te grutte problemen by obstakels bygelyks stoepen op. In neidiel fan foarstjil oandreaune rolstuollen is dat se net altyd like snel binne.

Middentsjiloandriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In sportrolstoel foar de sport wheelen

De mei in middenstjil oandreaune rolstoel hat de oandriuwing op tsjillen dy't yn it midden steane fan de rolstoel en derom hat in middentsjil oandreaune rolstoel seis tsjillen. In grut foardiel fan de middenstiloandriuwing is dat de rolstoel maklik draaie kin yn lytse romten. In neidiel fan in rolstoel mei de oandriuwing yn it midden is dat se fest kinne komme te sitten op obstakels. Derom wurd dy oandriuwing faak brukt by rolstuollen dy't allinne binnen brukt wurde.

Eftertsjiloandriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Eftertsjiloandriuwing is de meast bekinde oandriuwing, en hat as foardiel dat de rolstoel dat de rolstoel stabyl bliuwt by hegere snelhyden, mar de draaisirkel is wol frij grut by in eftertsjil oandriuwing en is dertroch net altyd like geskikt om binnen te bruken. [6]

Typen elektryske rolstuollen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne trije typen rolstuollen, der binne rolstuollen foar binnen gebruk en foar off-road/buten gebruk, hjirunder folget in utlis oer de ferskillen yn dy typen.

Binnen gebruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In elektryske sportrolstoel foaral brukt foar de sport hokky

Dit binne elektryske rolstuollen mei lytse tsjiltsjes en beheinde ofmjittings. Se sjogge der faak ut as in burostoel en ha in beheinde gong, maksimaal seis kilometer yn it oere.

Binnendoar en butendoargebruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dit is de meast bekende elektryske rolstoel. Hy hat grutte tsjillen efter en lytse tsjillen foar. Dizze rolstoel hat in gong fan njoggen oant fjirtjin kilometer yn it oere en is oeral te bruken utsien net ferhurde diken.

Off-road/butendoar [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dit binne grutte stoer eagjende rolstuollen mei faak fjouwertsjiloandriuwing. Se binne geskikt foar gebruk op net ferhurde diken bygelyks yn it bosk as yn de drek. Foar op it stran binne se in bytsje minder geskikt, troch de sangefoelige parten yn de motor. Dy rolstuollen binne tige sterk.

Bernerolstoel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In dusrolstoel

In bernerolstoel is in rolstoel spesjaal makke foar bern . In bernerolstoel kin in triuw, hanbewege as elektryske rolstoel weze. De triuwrolstoel halde we hjirre efterwege om't dy technysk net oars is as de triuwrolstoel foar folwoeksenen . By in bernerolstoel moat foaral sjoen wurde nei de meigroeiberens fan de rolstoel, sadat in bern der net al binnen in jier der ut groeit. Fierders heart in hanbewege rolstoel foar bern oant en mei fiif jier ald foarsjen te wezen fan anty-kyptsjiltsjes efter de rolstoel (fergelykber mei de sidtsjillen op bernefytsen) , triuwhanfetten en speakbeskermers, dy't der binne om de feiligens by gebruk te fergrutsjen. De anty-kiptsjiltsjes binne net winsklik by persoanen boppe de fiif jier ald mei in rolstoel foar deistich of ynsidinteel gebruk, om't de anty-kiptsjiltsjes nest it fergrutsjen fan de feiligens, ek de selsstannigens slim beheine. By in elektryske bernerolstoel is it fan belang dat troch in heech/leech ferstelling it bern gewoan oan tafel sitte kin as selsstannich guod fan it oanrjocht pakke kin. Foar de feiligens mei in elektryske rolstoel foar bern mar mei in beheinde gong ride kinne. Ofhinklik fan de leeftyd is dat tusken de seis en de tsien kilometer yn it oere.

Sportrolstoel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In stranrolstoel

In sportrolstoel is in rolstoel dy't spesiaal makke is om mei te sporten. Eartiids waard de gewoane rolstoel brukt mar yn de rin fan de jierren is foar eltse sport in eigen rolstoel untwikkele mei eigen easken.

Hanbewege sportrolstoel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In hanbewege sportrolstoel is in rolstoel bedoeld foar it beoefenjen fan sport en hat yn alle sporten syn eigen spesifike easken. In algemien foarkommen kenmerk fan sportrolstuollen is dat de tsjillen ekstreem skean steane. Der binne spesjale rolstuollen foar:

Elektryske sportrolstoel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dizze rolstuollen kinne tige fluch ride, fan trettjin en in heale kilometer yn it oere of, en binne tige manufrearber. Dy rolstuollen ha ek in bumper oan de foarkant om de rolstoel en de persoan dy't der yn sit te beskermjen by it botsen. Yn us lan wurde dy elektryske sportrolstuollen foaral brukt foar rolstoelhokky

Spesjale rolstuollen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nest boppesteande rolstuollen binne der ferskate spesjale rolstuollen:

  • stranrolstoel - rolstoel mei balloneftige tsjillen foar gebruk op it stran
  • dusrolstoel - rolstoel geskikt foar under de dus
  • huskerolstoel - rolstoel geskikt foar op it huske. Faak yn in kombinaasje fan dus en huskerolstoel .
  • swimbadrolstoel - rolstoel geskikt foar gebruk yn in waarme fochtige omjouwing as in swimbad en in sauna .
  • XL Rolstoel - rolstoel mei in ekstra grutte sitbreedte en het gewicht wat de rolstoel ha kin is sawat fjouwerhundert kilo. De XL rolstoel wurdt faak brukt foar persoanen mei obesitas .

Under it begryp ' rolstoelfyts ' falle ferskeidene kombinaasjes fan fyts en rolstoel en heare dertroch net under de rolstuollen mar under de fytsen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Ynformaasje oer sitten en ynstellen fan stoelen
  2. Wheelchair Batteries: Fuelling Mobility
  3. Motors - What to look for
  4. Wheelchair Motors Work
  5. Sturen met de hoodfbediening
  6. Power Wheelchair Features and Components
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rolstoel fan Wikimedia Commons .