Roger E. Mosley
(folut:
Roger Earl Mosley
;
Los Angeles
,
18 desimber
1938
) is in
Amerikaansk
toaniel
-,
tillefyzje
- en
film
akteur
fan
Afro-Amerikaansk
etnysk
komof. Hy waard benammen bekend fan syn rol as de
helikopterpiloat
T.C., yn 'e populere
detektivesearje
Magnum, P.I.
, ut 'e
1980
-er jierren.
Mosley waard yn
1938
berne yn
Los Angeles
, yn 'e
Amerikaanske steat
Kalifornje
. Hy groeide op yn
Imperial Courts
, in buert yn 'e
swarte
wyk
Watts
, as de soan fan in allinnichsteande mem, Eloise Harris.
Yn
1963
sette Mosley utein mei in karriere as
akteur
, werby't er meast
op 'e planken
stie. Yn
1974
rjochte er it
toanielselskip
de Watts Repertory Company op. Njonken syn toanielwurk spile Mosley ek yn ferskate
films
en
tillefyzjesearjes
. Syn bekendste filmrol hied er as it titelpersonaazje yn 'e
spylfilm
Leadbelly
, ut
1976
, under
rezjy
fan
Gordon Parks
. Op 'e
tillefyzje
hied er gastrollen yn searjes as
Night Court
,
Starsky and Hutch
,
Kojak
,
The Rockford Files
,
Baretta
en
Sanford and Son
. Dernjonken spile er ek yn 'e
minysearje
Roots: The Next Generation
.
Mosley briek yn
1980
troch mei syn rol as de
undernimmer
en
helikopterpiloat
Theodore Calvin, byneamd T.C., yn 'e populere
detektivesearje
Magnum, P.I.
. Deryn hied er as tsjinspilers,
Tom Selleck
, dy't de titelrol fan
privee-detektive
Thomas Magnum spile, en teffens
John Hillerman
en
Larry Manetti
.
Magnum, P.I.
run oant
1988
, en neitiid berikte Mosley nea wer itselde sukses. Hy kearde werom nei it teater en wie noch mar selden yn films of op 'e tillefyzje te sjen. Yn
1992
spile er in
plysjeman
yn 'e film
Unlawful Entry
, as tsjinspiler fan
Kurt Russell
en
Ray Liotta
. En yn
2007
en
2008
fertolke er yn 'e searje
Las Vegas
de rol fan in miljarder en freon fan AJ Cooper (
Tom Selleck
), de eigen fan it Montecito-
kasino
.
Mosley troude yn
1960
mei in Saundra Locke, mar dat
houlik
run ut op in
skieding
. Sunt
1976
wennet er gear
mei Toni Laudermick. Hy hat twa
bern
ut syn houlik mei Locke en ien ut syn relaasje mei Laudermick.