Roelof Klein

Ut Wikipedy
Roelof Klein
sporter
Roelof Klein (rjochts) en François Brandt (1900)
Roelof Klein (rjochts) en Francois Brandt (1900)
persoanlike bysunderheden
bertedatum 7 juny 1877
berteplak De Lemmer
stjerdatum 14 febrewaris 1960
stjerplak Montclair (New Jersey)
sportive ynformaasje
sport roeien
underdiel Twa mei stjoerman - Acht
O.S. Parys 1900
ekstra Earste Nederlanske winner op de Olympyske Spullen

Roelof Klein ( De Lemmer , 7 juny 1877 - Montclair (New Jersey) , 14 febrewaris 1960 ) wie in earder Frysk roeier .

Earste oerwinning [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hy roeide by de Delftske feriening Laga . It hichtepunt fan syn karriere wienen de Olympyske Simmerspullen 1900 yn Parys , doe't hy tegearre mei Francois Brandt earste waard yn de twa mei stjoerman. Se hienen earst in Nederlanske stjoerman, mar dy blykte wat te swier te wezen, sadat in unbekend Fransk jonkje yn de boat setten waard. Se einigen as earste yn in tiid fan 7:34.2 foar twa Franske boaten. Omdat it in mingde Nederlansk-Franske equipe wie wurdt harren oerwinning troch it IOC net oanmerkt as in Nederlanske, mar Brandt en Klein binne wol de earste Nederlanske Olympysk kampioenen ut de skiednis.

Wraldkampioen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Roelof Klein makke ek diel ut fan de acht dy't yn Parys it tredde plak helle. Hy en Brandt hienen nammers gjin idee dat sy oan Olympyske Spullen meidien hienen. Harren hiele libben binne se der fan utgien dat se yn Parys wraldkampioen wurden wienen. Se krigen ek gjin medalje (dy waarden by de Spullen pas fjouwer jier letter ynfierd) mar in brunzen byld mei it byskrift dat se in roeiwedstriid wun hienen by de Wraldtentoanstelling . It is no yn besit fan in pakesizzer fan Brandt dy't yn Austraalje wennet.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: