Ritueel

Ut Wikipedy
It opfieren fan 'e mis , in roomsk ritueel.
In Japansk teeritueel .

In ritueel (fan it Latynske ritualis , "it folgjen fan 'e ritus ") of rite (fan it Latynske ritus , "gewoante") is in opienfolging fan hannelings , werby't it gean kin om uterings , gebearten en ferrjochtings, dy't utfierd wurde moatte op in beskate wize, op in beskaat plak, op in beskate tiid en yn in beskate folchoarder. Sokke rituelen kinne foarskreaun weze troch de fan alder op alder oerlevere tradysjes fan in mienskip , lykas de oanhingers fan in religy , de leden fan in etnyske groep of de bewenners fan in plak.

Rituelen wurde oer it algemien karakterisearre (mar net definiearre ) troch formalisme (it soarchdragen foar de foarm), tradisjonalisme (it dwaan sa't jins foaralden diene), unferoarlikens, it jin halden oan 'e regels en, yn it gefal fan religieuze rituelen, hillich symbolisme . In seremoanje is in plechtichheid dy't rituele betsjutting hat.

Rituelen komme foar yn alle bekende minsklike maatskippijen . Bekende foarbylden binne net inkeld rituelen fan ferearing , offerrituelen en sakraminten fan organisearre religyen en kulten , mar bgl. ek oergongsrituelen ( doop , besnijenis , untgriening , trouwerijen ), deaderituelen ( begraffenis , kremaasje ), rituelen fan boetedwaning , reinigingsrituelen , eden fan trou en oare eedoflizzings , wijings , kroanings en ynauguraasjes . Sels aldendeiske hannelings lykas fustkjen en oare wizen fan begroeting kinne omskreaun wurde as rituelen.

Yn 'e wittenskiplike kontekst wurde rituelen yn 'e sosjology en antropology omskreaun as alle aktiviteiten (yn 'e sin fan opienfolgings fan hannelings) dy't, alteast foar in butensteander, yrrasjoneel , unfoarsisber en/of unlogysk lykje. Yn 'e psychology wurdt de term 'ritueel' soms brukt yn 'e poer technyske sin foar weromkearende gedrachspatroanen dy't troch minsken systematysk brukt wurde om eangst foar te kommen of te neutralisearjen. Yn dy sin kin in ritueel in symptoom weze fan in twangneuroaze .

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further Reading , op dizze side .