Rinnie Kuiper
(
Makkum
,
19 novimber
1927
? dere,
25 novimber
2007
) wie in keatser. Yn de perioade 1950 - 1965 keatste hy 358 punten by elkoar foar it
ivich keatsklassemint
en waard 29 kear as
kening
utroppen.
Hy wie in efterynse dy’t bekend stie om syn ‘stuit’. Rinnie Kuiper stie bekend as de ‘sinasdrinker’. It wie in prinsipieel man dy’t ek wegere om as tsjinstplichtich soldaat nei
Nederlansk-Ynje
te gean. By syn ferfangende tsjinst yn
Limburch
helle er de medalje by de titel ‘beste keatser fan Limburch’. Kuiper wurke as sjefskilder by
Tichelaars Keninklike Makkumer Ierdewurk- en Tegelfabryk B.V.
yn Makkum en wie yn 1988 fjirtich jier yn tsjinst by dy fabryk.
Hy wie mei syn rizige stal, brede riem en wite pet in tige kreas klaaide spiler yn it fjild. Hy toande him sportyf keatser en in goed ferliezer. De beskieden perkspiler hie in ‘ritige’ namme as opslagger, it wie faak alles of neat.
As 23-jarige wun er yn 1950 de
Rengersdei
mei syn Ele van der Meij en Gerrit Rijpstra. By dizze ienige en earste priis fan dat jier waard hy kening.
Nei syn fjirde priis op de PC yn 1952 mei Jan Rodenhuis en Aebe Haima, wun hy de PC fan 1953 mei de keatsfenomenen
Hotze Schuil
en
Frans Helfrich
. Yn 1954 wun Kuiper mei syn doarpsgenoaten Albert Rinia en Durk Lemstra it Nederlanske kampioenskip foar de keatsferiening ‘Makkum’. Nei in tredde priis yn 1954, twa twadde prizen yn 1955 en 1956 en opnij in tredde priis yn 1957, wie der yn 1959 opnij winst. Yn 1965 kaam in ein oan syn keatskarriere en waard hy trettjin jier lang skiedsrjochter mei as hichtepunt de 125ste PC yn 1978.
Hy is op deselde dei stoarn as syn keatsmaat
Hotze Schuil
.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|