한국   대만   중국   일본 
Rinnen - Wikipedy Springe nei ynhald

Rinnen

Ut Wikipedy
De rinsyklus by de minske .

Rinnen is in stadige, symmetryske foarm fan fuortbeweging fan libbene wezens , oftewol in gong . In synonym foar rinnen is gean , hoewol't dat tsjintwurdich net folle mear yn dy betsjutting foarkomt. Dizze gong is symmetrysk om't alle fjouwer lidden (by bisten ) of de lofterlidden en de rjochterlidden (by minsken ) der likefolle by brukt wurde. Kuierjen is in sportive foarm fan rinnen.

By de minske [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

By de minske wurde foar it eigentlike rinnen allinnich de beide skonken ynset, wylst de earms der underwilens, troch fan foarren nei efteren en wer werom te swaaien, foar soargje dat it lichem yn lykwicht bliuwt. It rinnen op twa skonken wurdt ek wol bipedy neamd. Derby is hieltyd ien foet yn kontakt mei de grun. Men sprekt fan stean as beide fuotten yn kontakt mei de grun binne, en fan draven as by fuortbeweging beide fuotten tagelyk los fan 'e grun komme.

By it rinnen (en by oare foarmen fan natuerlike fuortbeweging) wurde de fuotten yntinsyf brukt. De anatomyske bou fan 'e minsklike foet is unyk, om't er evoluearre is sadat de minske (as iennichste suchdier ) oanhaldend rjochtop stean kin. Derta is de foet opboud ut 26 bonken en 214 knierbannen . De holle bou fan 'e soal fan 'e foet en de S-buging fan 'e wringe helpe om skokken op te fangen dy't troch rinnen en oare foarmen fan fuortbeweging feroarsake wurde.

In bern leart te rinnen as pjut , as hy of sy twa oant trije jier ald is. De trochsneed faasje fan rinnen is likernoch 4 oant 5  km / h , ofhinklik fan leeftyd , sunens en motivaasje. In persoan fan tachtich jier hat yn syn of har libben trochinoar likernoch 120.000  km run, oftewol trije kear om 'e Ierde hinne.

Rinsyklus [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De rinsyklus fan 'e minske bestiet ut ien folsleine tred. Ien tred bestiet ut twa passen of stappen, te witten: in stap mei de lofterfoet en in stap mei de rjochterfoet. De minsklike rinsyklus kin ferdield wurde yn ferskate fazen. Om't wittenskiplik undersyk oer it algemien yn it Ingelsk publisearre wurdt, is ek de measte terminology oer dit underwerp yn dy taal .

Skematyske werjefte fan 'e rinsyklus by de minske .
  • stanfaze ( stance phase )
    • stipe-opfangfaze ( shock absorption phase ) of gewichtsakseptaasje ( weight acceptance )
      • hakkekontakt ( heel-strike ) of earste fuotkontakt ( initial contact ) op 0% fan 'e rinsyklus. Derby stiet de foet nei foarren ta bugd, yn dorsifleksje . Dat wol sizze dat inkeld de hakke de grun rekket, mar de rest fan 'e foet noch net.
      • belestging ( loading response ), sadree't ek de rest fan 'e foet de grun rekket
    • folkontakt of middenstanfaze ( mid-stance phase ), werby't dudlik wurdt dat de minske in soalgonger ( plantigrade ) is mei fanof likernoch 15% fan 'e rinsyklus de hiele soal op 'e grun. Dat wurdt oantsjut as folslein soalkontakt ( foot-flat ). De foet dy't folkontakt makket wurdt oantsjut as de ipsilaterale foet. Underwilens set op likernoch 10% fan 'e rinsyklus de oare, kontralaterale foet him of fan 'e grun om oan syn swaaifaze te begjinnen. Dermei is de twafuottige ( bipedal ) faze ofrun, dy't begun mei it hakkekontakt. No begjint de ienfuottige ( unipedal ) faze.
    • ofsetfaze ( push-off phase)
      • terminale stanfaze, begjinnend mei it loslitten fan 'e grun mei de hakke ( heel-off ), omtrint 45% fan 'e rinsyklus. Derby bucht de foet nei underen, yn planterfleksje , werby't de bal fan 'e foet it gewicht begjint te dragen.
      • pre-swaaifaze ( pre-swing phase ): sadree't de oare, kontralaterale skonk folslein op 'e grun stiet, kin de earste, ipsilaterale foet, de leste ofset fan 'e grun dwaan mei de grutte tean , oant ek alle teannen fan 'e grun los komme ( toe-off )
  • swaaifaze ( swing phase )
    • inisjale swaaifaze ( initial swing phase ): de foet is hielendal los fan 'e grun, mar befynt him noch efter it lichem
    • midswaaifaze ( midswing phase ): de skonk passearret yn syn swaai de steande skonk en giet derby under it lichem troch
    • terminale swaaifaze ( terminal swing phase ): de skonk swaait foar it lichem ut om op 'e nij kontakt mei de grun te meitsjen

Sadree't de hakke wer kontakt mei de grun makket is de rinsyklus of tred foltoge.

By bisten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De rinsyklus by in fjouwerpoatich bist (yn dit gefal in hynder ).

By fjouwerfuottige bisten hjit it rinnen de stap . Sokke bisten hawwe faak mear gongen as minsken, lykas draaf , trijesprong en fjouwersprong .

Hynders , dy't yn dit ferban, in goed en bekend foarbyld foarmje, rinne mei in faasje fan likernoch 6,4  km / h . Derby bewege de skonken yn 'e folchoarder: lofterefterskonk, lofterfoarskonk, rjochterefterskonk, rjochterfoarskonk, sadat der in hoefslach klinkt dy't 1-2-3-4, 1-2-3-4, 1-2-3-4 giet. By it rinnen hat in hynder altyd ien hoef los fan 'e grun en de oare trije oan 'e grun, utsein op it koarte momint dat it gewicht oerbrocht wurdt fan 'e iene nei de oare hoef.

Sa't minsken by it rinnen de earms fan foarren nei efteren en wer werom slingerje litte om it lykwicht te bewarjen, bewege hynders under it rinnen de kop en hals lichtsjes op en del om yn balans te bliuwen. Idealiter oerstapt de foarutbewegende efterhoef it plak op 'e grun dat de foarutbewegende foarhoef krekt loslitten hat. Wat mear oft de efterhoef dat plak oerstapt, wat makliker en nofliker de stap fan it hynder weze sil. Dat is benammen fan belang by it hynsteriden . Underskate hynsterassen en yndividuele hynders ferskille yn 'e mjitte fan noflikens fan harren stap, mar in ruter sil altyd wol in mylde sydlingse beweging merke as in hynder oan it rinnen is.

Guon bisten, lykas kamielen , hawwe in aparte wize fan rinnen (en draven): de telgong . Ek beskate lytsere hynsterassen, lykas de Iislanske ponny , kinne dy wize fan rinnen oannimme. By de telgong bewege de skonken oan wjerssiden fan it lichem har om bar: earst lofterefterskonk en lofterfoarskonk tagelyk, en dan rjochterefterskonk en rjochterfoarskonk tagelyk. Dat jout foar in berider in dudliker hinne-en-wergeande sydlingse beweging, dy't guon minsken mislikmeitsjend fine. Om't dy beweging wol wat wei hat fan in skip op see , wurdt it kamiel ek wol "it skip fan 'e woastyn " neamd.

Foarmen fan rinnen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • algemiene synonimen : soalje, stappe, tredzje
  • mei rinnen bemjitte: fuotsje, neitredzje, uttredzje
  • fluch rinne: bokselje, ofskonkje, sieme, skonkje, snjitskje, snjitte, speakje, strijde, struze, temskje, temzje, tippelje, tjemskje, tjemzje, tsjemskje, tsjemzje, toffelje, tripkje, tripje, trochbokselje, wol ut 'e fuotleasten komme kinne
  • op grutske wize rinne: hipkje, tuge, tugje,
  • yn beskate klean rinne:
  • mei muoite rinne (algemien): heukerje, hoatselje
    • kreupel rinne: hakkenkrukje, hompje, honkelje, kreupelskonkje, krukke, kwel(t)s rinne, lompe, mankje, oer de side gean, oer de wjuk gean
    • strompelje: bukelje, knekkelje, poddebukje, stommelje, stompe, strampelje, strobbelje, stroffelje, strutelje, stuitelje, stuiterje, stutelje, stuntelje, waggelje, wraggelje
    • unfest rinne troch dronkenskip : lavearje, skeanbilje, skeangatsje, skuielje, skuilje, slingerskonkje, sokkebalje, stoartelje, stoarrelje, swinkelje, wankelje
  • by nacht (om)rinne: murdzje, nachtravenje, nachtraavje, skynmoanje, waarulje
  • om 'e nocht of unnedich rinne: kloatsekje
  • in protte rinne: soalslypje
  • mei rinnen smoarch meitsje: bepeazgje, bepeaskje, ynkladzje, ynrinne, klabasterje, modderje, underwadzje
  • stadich rinne:
    • op in kalme wize: belderje, bjiskje, dangelje, flanterje, gongelje (d.w.s. mei in gongelstok ), ompanderje, panderje, pesjantelje, slinterje, suiskje, traapje, trapkje
    • op in wurge wize: baffelje, fokselje, net ut 'e fuotleasten komme kinne, syksokje, sampelje, sjachelje, sjaggelje, sjamperje, sjoddelje, sjoelfuotsje, sjokkelje, sjokke, sjokselje, sjompe, sjottelje, sjouskje, sjouwe, sjuddelje, sjuttelje, skeuvelje, skoffelje, slakje, slydfuotsje, slykje, slykslakje, sljurkje, slofkje, sloffe, sukkelje, tsjokselje, tsjottelje, tsjuttelje
  • mei lytse stappen rinne: fuottelje, trapkje
  • mei swiere stappen rinne: mei swiere tred rinne, stampe, wadzje, woarteltraapje
  • under it rinnen mei de stuten draaie: heupwidzje, kontsjedraaie, wipgatsje, wipkontsje
  • temuk rinne: glupe, hoassokje, slupe, teantsje
  • mei tsjinnichheid rinne: kloatsekje, kroaskje
  • unrestich (hinne en wer) rinne: bauje, beearskje, earskje, fiisbilkje, heisterje, jachtsje, omfiisbilkje, omflitterje, omjachtsje, toarkje, wyldzje
  • troch wetter of drek rinne: batse, blabberje, modderje, peazgje, sodsjerinne, sodskje, souskje, wadzje

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .