한국   대만   중국   일본 
Riley Steele - Wikipedy Springe nei ynhald

Riley Steele

Ut Wikipedy
Riley Steele
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
echte namme Brittni Anne Palmer
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 26 augustus 1987
berteplak San Diego ( Kalifornje )
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , stripper ,
pornoaktrise
jierren aktyf 2008 ? no
offisjele webside
rileysteele.com

Riley Steele , echte namme: Brittni Anne Palmer ( San Diego , 26 augustus 1987 ), is in Amerikaansk pornografysk aktrise , dy't neffens har offisjele opjefte 1.70 m lang is, mei in gewicht fan 52 kg.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Steele waard berne yn 'e sted San Diego , yn it uterste suden fan 'e steat Kalifornje , en groeide op yn Escondido , in noardlike foarsted fan San Diego. Nei't se de middelbere skoalle trochrun hie, wurke se yn in Starbucks - kofjesaak en yn in kafetaria op in golfbaan . Mei't se in grutte fan wie fan pornoaktrise Jesse Jane , reizge se yn 2005 alhiel nei Hollywood ta om har idoal in hantekening sette te litten op har eksimplaar fan 'e film Pirates . Se rekken oan 'e praat, en Jane rette har oan om it oars sels ris yn 'e pornoyndustry te besykjen. Mei Jane har kaartsje kaam Steele wer thus, en al die se der yn 't earstoan neat mei, se bewarre it wol.

Riley Steele (AVN Awards 2012)

Pornokarriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Uteinlik, nei't se in pear jier oan it idee wenne kinnen hie, besleat se dochs noch op Jane har utstel yn te gean, en mei de gegevens it kaartsje naam Steele doe kontakt op mei foaroansteande filmstudio Digital Playground . Dat resultearre deryn dat hja yn 2008 , doe't se 21 jier wie, har debut makke yn 'e pornografyske film Pirates II: Stagnetti's Revenge , it ferfolch op Pirates , der't it allegear mei begun wie. Steele tekene daliks in kontrakt mei Digital Playground , en dat is oant hjoed de dei ta de iennichste studio werfoar't se wurke hat. Underwilens hat se yn 65 pornofilms spile, gauris mei har idoal Jesse Jane. Dermei hat se sunt 2010 al 10 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrald) wun, en ek nochris 11 nominaasjes foar AVN Awards yn 'e wacht sleept.

Yn 2012 makken Steele en har kollega-kontraktstjer by Digital Playground BiBi Jones bekend dat se harren ut 'e pornoyndustry weromloeken fanwegen unthjitten dy't harren dien wiene mar net neikommen wiene. Dat nijs waard troch de media grut brocht, mar letter leine Steele en Jones ut dat it in grapke fan harren kant wie en dat se net ferwachte hiene dat it serieus nommen wurde soe. Der foegen se oan ta dat se it yn 'e pornoyndustry krekt tige nei 't sin hiene en dat se der net oan tochten om op te halden. Yn septimber 2013 sleat Steele in nij kontrakt foar twa jier of mei regisseur Axel Braun .

Mainstream -karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Njonken har wurk yn pornofilms figurearre Steele yn 2010 ek, mei in stikmannich oare pornostjerren, yn 'e mainstream 3D - horror komeedzje Piranha 3D . Fierders naam se yn 2010 diel oan it Amerikaanske tillefyzjeprogramma Manswers , en yn 2011 oan 'e programma's Life on Top en NTSF:SD:SUV . Fierders hie se ek in byrol as mainstream -aktrise yn 'e HBO -searje The Girl's Guide to Depravity .

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre beste triosekssene f/f/m (mei Jesse Jane en Manuel Ferrara ) Nurses
nominearre beste groepsekssene (mei Stoya , Katsuni , Jesse Jane , Shay Jordan en Erik Everhard ) Nurses
nominearre beste nije stjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre nije stjer n.f.t.
2011 AVN Award nominearre beste triosekssene f/m/m (mei James Deen en Scott Nails ) Riley Steele: Bar Pussy
nominearre beste aktrise Riley Steele: Love Fool
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wun beste lesbyske groepsekssene (mei Raven Alexis , Jesse Jane , Katsuni en Kayden Kross ) Body Heat
wun publykspriis foar meast idioate sekssene (mei Raven Alexis , Jesse Jane , Katsuni en Kayden Kross ) Body Heat
wun crossover -stjer fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre pornostjerwebside (foar RileySteele.com ) n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wun crossover -stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award wun mainstream -pornomediafavorite n.f.t.
2012 AVN Award nominearre beste triosekssene f/m/m (mei Erik Everhard en Scott Nails ) The Masseuse 4
nominearre beste groepsekssene (mei Jesse Jane , Kayden Kross , Stoya , BiBi Jones en Manuel Ferrara ) Babysitters 2
nominearre beste groepsekssene (mei Jesse Jane , Kayden Kross , Stoya , Selena Rose en Tommy Gunn ) Top Guns
wun publykspriis foar hytste sekssene (mei Jesse Jane , Kayden Kross , Stoya , BiBi Jones en Manuel Ferrara ) Babysitters 2
wun publykspriis foar beste lichem n.f.t.
wun publykspriis foar favorite pornostjer n.f.t.
wun publykspriis foar twitterkeninginne n.f.t.
NightMoves Award wun publykspriis foar beste folsleine lichem n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre mainstream -pornomediafavorite n.f.t.
2013 AVN Award nominearre beste groepsekssene (mei Jesse Jane , Kayden Kross , Selena Rose en Manuel Ferrara ) Nurses 2
wun publykspriis foar leaflingslichem n.f.t.
wun publykspriis foar favorite pornostjer n.f.t.
Exxxotica Fan Choice Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wun publykspriis foar beste folsleine lichem n.f.t.
RogReviews Fan Faves Award wun favorite artyste n.f.t.
Sex Award wun beste lichem fan 'e pornoyndustry n.f.t.
wun beste man/frou-filmpear (mei Erik Everhard ) n.f.t.
Xbiz Award wun beste sene yn in fynjetpublikaasje (mei Erik Everhard ) In Riley's Panties
nominearre beste lesbyske sene (mei Jesse Jane , Kayden Kross , Selena Rose en Vicki Chase ) Mothers & Daughters
2014 AVN Award wun beste sene yn in feature -film (mei Jesse Jane , Kayden Kross , Selena Rose , Stoya en Manuel Ferrara ) Code of Honor
wun publykspriis foar favorite pornostjer n.f.t.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .