Rienk de Haan

Ut Wikipedy

Rienk de Haan ( Garyp , 7 juny 1943 - Burgum , 25 april 2018 ) [1] fan Burgum wie in Frysk taalkundige .

Wurkpaad [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Haan wie ynearsten learaar basisunderwiis en studearre Nederlansk en Fryske taal- en letterkunde oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert

Fan 1980 oant 2004 wurke er by de Fryske Akademy , der’t er under oaren behelle wie by it betinken fan nije Fryske wurden foar offisjeel en wittenskiplik gebruk. Fierder wie De Haan ien fan de redakteuren fan it twadielige Frysk Hanwurdboek dat yn 2009 utkaam.

Rienk de Haan hat ek jierrenlang meiwurke oan programma’s fan Omrop Fryslan . Sa hie er in taalrubryk yn it eardere radioprogramma De Middei fan programmamakker Gurbe Douwstra .

De Haan ferstoar hommels yn de aldens fan 74 jier.

Publikaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Wurdlist foar it offisjele ferkear (1986)
  • Wat en Hoe Fries (1989)
  • Mei freonlike groetnis (1995)
  • Terminology fan 'e saakfakken (2000)
  • Fryske Foarnammen (2004)
  • Fries voor zelfstudie (2006)

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stjerberjocht fan Rienk de Haan, yn: it Frysk Deibled , 28 april 2018.