Red Light District

Ut Wikipedy
Red Light District Video
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Chatsworth ( Kalifornje )
oprjochte 2001
oprjochter Dion Giarusso
David Joseph
eigner David Joseph
fuortk. ut Elegant Angel
offisjele webside
www.clubredlight.com

Red Light District , eins folut: Red Light District Video en soms ofkoarte ta RLD , is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't festige is yn Chatsworth , yn 'e steat Kalifornje . It bedriuw waard yn 2001 oprjochte troch Dion Giarusso , in feteraan yn 'e Amerikaanske pornoyndustry dy't earder wurksum west hie by Elegant Angel , en syn healbroer David Joseph . Red Light District wist in stik fan 'e merk te feroverjen trochdat Giarusso gebruk makke fan syn besteande kontakten yn 'e pornoyndustry en troch in agressive marketingkampanje op te setten. De filmproduksje stie under tafersjoch fan pornoakteur en -regisseur Vince Vouyer , dy't foarhinne under kontrakt stien hie by Anabolic Video .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oars as by de measte pornostudio's, der't regisseurs gewoan wurknimmers binne, wiene se by Red Light District yn 't earstoan foar in part eigner fan 'e films dy't se makken, en dielden se dus yn 'e winst. De films dy't Red Light District produsearre, koene ta it subsjenre fan 'e gonzo -pornografy rekkene wurde, it ut 'e losse han filme reality-subsjenre fan 'e porno, dat folle goedkeaper te meitsjen is as it subsjenre fan feature films , de eigentlike films. Derby stribbe Red Light District dernei om gonzo fan in hegere kwaliteit te meitsjen as wat konkurrearjende studio's produsearren.

Yn 2003 gie Platinum X Pictures fan start, in dochterundernimming fan Red Light District , oprjochte troch regisseur Michael Stefano en pornoaktrise Jewel De'Nyle . Platinum X Pictures makke itselde soarte films as Red Light District . Om deselde tiid hinne waarden ek de dochterundernimmings Amateur District , dy't sabeare amateurpornografy produsearre, en The Candy Shop , dy't him op ynterrasiale pornografy konsintrearre, oprjochte. Yn 2004 fun der by Anabolic en Diabolic Video suver in leechrin plak, doe't almar mear regisseurs oerstapten nei Red Light District , om't se der mei-eigner wiene fan harren films.

Datselde jiers noch ferliet Giarusso it bedriuw; Joseph kocht him ut en waard foar hundert persint eigner. Hy ferskode stadichoan it sakemodel fan Red Light District fan ien weryn't de produsint en de regisseur mei-inoar de rjochten fan 'e films besieten, nei ien werby't hysels almar mear titels yn besit hie en derneffens de winst opstrike koe. Ek liet er Platinum X Pictures frijwol opgean yn Red Light District . Yn 2006 ferlieten ferskate regisseurs Red Light District om't se, koartsein, Joseph te ynklauwerich funen. Yn 2007 ferkocht Red Light District syn dochterundernimmings Platinum X Pictures , Amateur District en The Candy Shop .

Yn 2004 krige Red Light District de rjochten yn 'e hannen fan 1 Night in Paris , de priveesekstape fan Paris Hilton , nei't by in rjochtsaak oerienkommen wie dat Hilton $ 400.000,? plus in persintaazje fan 'e winst utbetelle krije soe. 1 Night in Paris waard de bestferkeapjende en bestferhierende pornofilm fan 2005 . De mediabelangstelling dy't dizze kontroversjele publikaasje meibrocht, joech Red Light District in geweldige triuw yn 'e rech. Neitiid waarden oare sekstapes fan ferneamde Amerikanen op 'e merk brocht, lykas 1 Night in China , mei wrakselders Sean Waltman en Joanie Laurer (artystenamme: "Chyna"), en Amy Fisher Caught On Tape , mei Amy Fisher , de Long Island Lolita (bekend fan in seksskandaal ut 1992 , doe't se 17 jier wie, mei de tweintich jier aldere Joey Buttafuoco ). Tsjintwurdich publisearret Red Light District twa nije films de wike, net allinnich op dvd, mar ek fia satellyttillefyzje, mobile tillefoans en video on demand op it ynternet ,

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .