한국   대만   중국   일본 
Radioprogramma - Wikipedy Springe nei ynhald

Radioprogramma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Radioprogramma's )

In radioprogramma is in utstjoering mei in strukturearre ynhald fia de radioweagen fan 'e eter . Sa'n utstjoering wurdt dien mei in radiostjoerder , en de harkers kinne de utstjoering unfange mei harren radiotastellen . Sunt likernoch 2000 wurde radioprogramma's ek wol digitaal utstjoerd, oer it ynternet . Derfoar is gjin radiostjoerder nedich en harkers moatte dan, ynstee fan in radiotastel te hawwen, oer in kompjuter beskikke mei tagong ta breedbanynternet .

By in radioprogramma kin it gean om in utstjoering foar ien kear of om in weromkearende utstjoering. Alle byinoar hearrende weromkearende utstjoerings mei-inoar foarmje in radiosearje , wylst ien sa'n utstjoering in oflevering ut 'e searje is. In oar underskie tusken radioprogramma's is dat in protte live utstjoerd wurde, wylst oaren yn 't foar opnommen binne. De measte radioprogramma's binne tsjintwurdich ynformatyf (lykas nijsprogramma's en aktualiteiterubriken ) of rjochte op fermaak (lykas muzykprogramma's ). Fiktive radioprogramma's, yn 'e foarm fan in toanielstik op 'e radio, besteane ek; soks hjit in harkspul .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .