Ruzje

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer it ynterpersoanlike konflikt . Foar it kosmetikaprodukt, sjoch: ruzje (make-up) .

Ruzje (regionaal ek wol utsprutsen as ruzje ) is in heech oprinnend ferskil fan miening, dat mank gean kin mei redendielen mei utset lud, lulkens , swartmeitsjen, skellen , flokken , yntimidearjend halden en dragen , bedrigings of sels fysyk geweld . Ruzje kin utrinne op slaanderij . It wurd 'ruzje' komt etymologysk fan 'rus' (lawaai). Der binne in protte synonimen foar it begryp 'ruzje'; it Frysk Hanwurdboek neamt de folgjenden: batalje, deilisskip, drokte, duveldei, fjochteraasje, friksje, gedonder, heibel, hui, keet, kibberaasje, kibberij, kreauwerij, krewel, kribbekeurichheid, kwestje, lijen, mieningsferskil, mot, oarloch, pleit, skeel, skoarting, spul, strideraasje, striderij, trammelant, tsierderij, unfrede, ungemak, unienichheid, unnocht, wriuwing [1] en wurden. [2] In bekende en faak foarkommende foarm fan ruzje is buorrelest , tusken buorlju .

Ruzje is in ferskynsel dat troch u.o. de sosjology en de psychology bestudearre wurdt. It kin gean om in konflikt foar koarte doer, as lju gewoan eefkes derut smite moatte wat harren dwers sit, mar it kin ek utrinne op in skeel dat jierrenlang trochetteret. De oanlieding foar in ruzje kin foar butensteanders soms minimaal lykje, en yn ekstreme gefallen sels foar de belutsenen unbekend weze. As sokke konflikten ut 'e han rinne, moat yn ruzjes soms bemiddele wurde troch in neutrale trede partij, lykas in mediator , psycholooch , sosjaal wurker of predikant (of oar religieus lieder). As dat net helpt kin de saak foar de rjochter brocht wurde, waans utspraak binend wurdt as der gjin heger berop mear mooglik is.

It begryp 'ruzje' wurdt yn it deistich spraakgebruk ek wol yn oerdrachtlike sin brukt foar organisaasjes , lykas oerheidsynstansjes , bedriuwen of belangeferienings , dy't mei-inoar in heech oprinnend ferskil fan miening oer it ien of oar hawwe.

Yn 'e natoer liket in protte ruzje foar te kommen: bisten dy't fierders freonlik mei-inoar omgeane of inoar negearje, kinne fuleindich mei-inoar tsiere om iten of territoarium . Derby giet it lykwols om konkurrinsje om te oerlibjen, of by bisten dy't yn groepen libje, om in rangoarder binnen de groep fest te stellen. Sokke 'ruzje' hat dermei in praktysk doel, wylst ruzje tusken minsken yn ferliking dermei oer it algemien mar om triviale dingen giet der't bisten harren nea drok om meitsje soene.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de , en Sijens, Hindrik , Frysk Hanwurdboek , Ljouwert, 2008 ( Fryske Akademy ), ISBN 978-9 06 27 37 901 , s. 1685.
  2. Haan, Rienk de , en Sijens, Hindrik , Frysk Hanwurdboek , Ljouwert, 2008 ( Fryske Akademy ), ISBN 978-9 06 27 37 901 , s. 2332.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .