Pure Play Media

Ut Wikipedy
Pure Play Media
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Chatsworth ( Kalifornje )
oprjochte 2002
offisjele webside
www.pureplaymedia.com

Pure Play Media , soms ofkoarte ta PPM en inkeld ek wol (mis)stavere as Pureplay Media , is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't festige is yn Chatsworth , in wyk fan Los Angeles , yn 'e steat Kalifornje .

It bedriuw waard oprjochte yn 2002 , mei as doel om 'e grutste talinten yn 'e Amerikaanske pornoyndustry byinoar te bringen. Derta loek it bedriuw u.o. pornoprodusint, -regisseur en -akteur Seymore Butts oan, dy't by in breder publyk bekend wurden is troch de mainsteam - realitysearje oer syn deistich libben, Family Business ; Danni Ashe , earder neakenmodel en stripper en dernei de eigner fan 'e suksesfolste neakenfotografywebside fan it ynternet ( Danni's Hard Drive ); en Suze Randall , in ferneamd neakenfotografe, dy't de oerstap makke ta it regissearjen fan pornografyske films . Teffens wurket Pure Play Media gear mei de utjouwerijen fan neakenbleden Swank Digital en The Score Group , dy't as njonkenaktiviteit ek wol pornografyske dvd's utbringe.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: